Lytserop

30 oktober 2020

Dizze column soe oer Toon Hermans, Wim Sonneveld en Wim Kan gean kinne. Of, om it wat mear literêr te hâlden, oer Gerard Reve, Harry Mulisch en Willem Frederik Hermans. Allegear mis. Nee, ik woe it ris hawwe oer De Grutte Trije ûnder de Fryske útjouwers, oftewol de Afûk, Friese Pers Boekerij en Bornmeer. En dêrby myn kar foar in lytsere útjouwer...

It ferskil is dat de manlju út ’e earste twa rychjes allegear kroandea binne, wylst fan it lêste rychje allinnich de FPB op it hôf leit. En dat is no krekt de útjouwer dêr’t ik yn 2002 oankloppe om De Ljedder út te jaan. Echt in reden om my dêr te melden hie ’k earlik sein net. De Fryske literatuer koe my net, en oarsom wie it net folle better. Dat ik die mar wat, ynjûn troch de grutte advertinsjes dêr’t de FPB de Ljouwerter Krante mei foltroppe.

Nei myn oerstap op it e-boek ferlear ik de útjouwerij út it each. Fansels hearde ik wol fan de problemen by myn âlde útjouwer, mar dat gie by my lâns. It wie dan ek in ferrassing dat de lêste eigner fan de FPB, Arie Krijgsman, kontakt mei my opnaam om In aap klimt út ’e beam, in parody op Trump, útjaan te meien. Ik koe Krijgsman net en hy like my net in echte útjouwer ta, mar omdat er Meindert Reitsma as redakteur yn it wurk hie, wie dat foar my in reden om it mar ris te besykjen. De ôfrin is bekend: koart nei it útkommen fan myn boek (oft der in ferbân is, sille wy noait witte) gie de FPB fallyt, fan de opbringst ha ’k noait in sint sjoen.

En sa wiene der noch twa fan De Grutte Trije oer. Om fierder te kinnen op de manier dy’t my foar eagen stie (útjaan op sawol papier as digitaal), soe ik by Afûk of Bornmeer oanklopje kinne. Mar it kaam oars. Doe’t ik myn berneboek Heech Tymo, sjoch omheech klear hie en om my hinne seach, foel myn each by tafal op in lýtse útjouwer. Dat wie Het Nieuwe Kanaal fan Wim de Vries en Laura Luiks.

Wat de trochslach joech om dêr in berneboek út te jaan en mei Quist ek in ferfolch te jaan oan myn foarnimmen? Neffens my makket it net in soad út oft je no by in gruttere of lytsere útjouwer sitte, ek net as it om ferkeapsifers giet. It is dus (alwer) in gefoelsmjittige kar wurden, foar in útjouwer dy’t derfan hâldt om boeken ek ‘moai’ út te jaan. Dat kin hast ek net oars as je sitte yn in pân oan ’e prachtige Emmakade...

Boppedat ha ’k respekt foar útjouwers as Hispel en Het Nieuwe Kanaal, net al te grut en je dan dochs bejaan yn in literêre wrâld as de Fryske, yn ’e stream op en besykje om foarút te roeien. Mei iens? Lit dat dan ek ris fernimme troch jim boeken net by de boekhannel, mar by de útjouwer sels te bestellen. Wilens hawwe Wim en Laura al in moai fûns opsette kind, mei skriuwers as Willem Schoorstra, Durk van der Ploeg, Eppie Dam, Abe de Vries en mear. Nee, ik tink dat ik dêr ynearsten myn plakje fûn ha, ik sykje it de kommende jierren lytserop.