Lekker ite

Lekker ite

kofje
14 november 2021

Nim no in rôffûgel. Of freonliker sein: in stjitfûgel. En om it bestean fan dizze soarte noch fierder te rjochtfeardigjen, moatte jo witte dat in hauk it allinne mar foarsjoen hat op proaien út de kategory swak, siik en mislik.

Moai net.

Wy binne op fakânsje yn it noarden fan Twinte. It KNMI hat besletten tusken muorren fan bloeiend mais langwerpige blokken hjitte te pleatsen, presys yn it ferlingde fan it ranende asfaltdykje dêr 't Tineke en ik swittend oerhinne ploegje rjochting Ootmarsum. Wêr 't normale minsken sa 'n dei trochbringe oan de râne fan in swimbad, dêr ûndernimme wy wat. Jo kenne dat type wol. It soarte dat snert yt op in simmerdei, dat Solzjenitsyn sit te lêzen as alleman foar de Europacupfinale sit te borrelnútsjen.

Dan wurdt ynienen de stilte ferskuord troch de langrutsen deadsgjalp fan in ljip. In koelbloedige hauk twingt dizze fladderkrante ûnder de greidefûgels nei in gersfjildsje om aanst te genietsjen fan in hearlike poarsje fûgelfleis. Wylst de hauk mei in yslike rêst it bestek klearleit op it krekt sproeide gers, oanskôgje wy de lêste wanhopige wjukslaggen fan de ljip.

We wolle al fierder fytse, as ynienen de ljip dochs noch kâns sjocht om te ûntkommen. De hauk werstelt him binnen tsienden fan sekonden en mar in pear tellen letter hat er syn middeismieltsje opnij oan 'e grûn, diskear midden op ’e dyk, mar in tsiental meters fan ús ferwidere.

No wurdt it my dochs tefolle. De kriich fan it ljipke makket dat ik my solidêr ferklearje mei it slachtoffer. Sûnder wifkjen kear ik de steven fan myn âld Gazelle en skreauwend stoarmje ik ôf op dy ferskriklike hauk. De ljip, sa’t ik no pas sjoch in noch jong eksimplaar, ûntsnapt nei rjochts. Koeltsjes sjocht de hauk my even oan, om dan te ferdwinen boppe de hege maisfjilden.

Dy ûnferskillige rôffûgelblik fertelt my hoe 't de foarke werklik yn 'e stâle sit. Troch in ljip te rêden haw ik no in folgjende proai, op syn minst sa ûnskuldich, ta de dea feroardiele. Sa hat elke goede died in kearside. Mismoedich en in yllúzje earmer ferfolgje wy ús wei troch de triljende hjitte. Even letter glydt myn mes op it terras fan restaurant 't Pläske troch in stikje bargefleis.

Lekker ite, hoe hypokryt dat yn dit gefal ek wêze mei.