In kop as in almenak

23 mei 2014

As minsken in Fryske skriuwer tsjinkomme, miene in soad dat se tagelyk mei in Fryske lêzer fan komsa prate. Of better sein: in fertsjintwurdiger fan it seldsume ras dat álle Fryske boeken oereidet en om de wike nei winkel of biblioteek draaft om it nijste fan it nijste op te heljen. Doe’t ik okkerdeis mei ien stie te praten oer in bekend Frysk boek út de kategory ‘âlde meuk’ en ik frijwat behâldend besocht mei te eameljen, foel ik nei de fraach ‘Of Hawwe Jo Dat Net Lêzen?’ definityf troch de koer.

Want nee, ik lês net alle Fryske boeken, sa lei ik út. Wat dat oanbelanget gedraach ik my as elke lêzer en lit ik my liede troch ûnderwerp, styl of de (goede) namme fan de skriuwer om wa’t it giet. Oftewol, ik lit my liede troch myn eigen smaak. Dat fûn de man mar wat apart. Want ik moast dochs op ’e hichte bliuwe fan alles wat der yn Fryslân ferskynt? Omdat ik In Fryske Skriuwer bin? Boppedat skreau ik neffens him resinsjes op myn side. Dochs?

Nee hear, lei ik mar wer út. Myn babbelegûchjes binne net mear as in ferslachje fan in entûsjaste lêzer. Ik doch dat om’t ik fyn dat der noait genôch reklame foar yn myn eagen moaie Fryske boeken makke wurde kin.

Nim no ‘In kop as in almenak’ fan Elske Schotanus. Dat se op it omkaft tekenet as ‘Elske Hindriks’ hat in doel. Se wol dermei oanjaan dat sy har ûnderdiel fielt fan it gruttere gehiel dat in famylje no ienris útmakket. Want dêr giet dit boek oer. Kearn binne de ferhalen oer har âlden, oer Sjoerdtsje dy’t demintearret en Hindrik, dy’t al wei is. En oer al dy oaren deromhinne: omkes, muoikes, pakes en beppes. Der wurdt ferteld oer wa’t dat wiene, wat se diene en wat se tochten. Mei help fan lytse fragminten, droege opmerkings fan har mem, losse notysjes en ferslaggen fan petearen sketst de skriuwster in byld fan ûnder oare it fakentiids hurde skippersbestean yn de tweintichste ieu. Balansearjend op de grins fan fiksje en non-fiksje siket se in paad troch it ferline: as bern witte je no ienris lang net alles fan jins âlden. Krekt dat sykjen makket dit boek ta in aventoer, de lêzer siket fan de weromstuit mei.

Ut en troch wurde lyntsjes nei hjoed-de-dei lutsen. Dat past somtiden hiel goed, bygelyks as it giet oer de fersoarging fan âlderen en de gefolgen fan besunigings op dit flak. Oare kearen pakt dat wat minder gelokkich út, bgl. opmerkings oer de Fryske skriuwerij of yndústryterreinen dy’t amper wurkgelegenheid opsmite. Dan wurdt it allegear wat pamfletterich, fyn ik.

Spannend wurdt it wannear’t de syktocht him útwreidet nei de oarloch. Hindrik hie op in skippersynternaat sitten, mar hoe siet dat persys? As lêzer gie ik hjir folslein yn mei en ik wie suver like optein as Elske Schotanus doe’t ynienen de betsjutting fan in foto dúdlik waard. Neist de fragmintarise styl is ek it taalgebrûk yn dit boek it neamen wurdich. Hieltyd wer binne der wurden en sinnen dy’t je nochris oereidzje wolle om’t der sa sichtber flyt op dien is:

‘Bientich lizze Tryntsje har hannen yn ’e skurte, de knokkels opset, bergen yn in deldrachtich lânskip fan blauwe rivieren.’

Ek de humor ûntbrekt net yn dit boek, it is net allegear kommer en kwel. Want hoe earmoedich ek, troch te relativearjen of in grap wurdt altyd wer in útwei fûn. As ien op syn stjerbêd wit te melden dat er ‘dit ek wol wer oerlibje sil’, dan bin ik ferkocht. Elske Schotanus hâldt gelokkich ek genôch ôfstân om foar te kommen dat dit in partikuliere skiednis wurdt. Dêrtroch krije je allinnich mar mear wurdearring foar de minsken dy’t yn dit boek mei respekt en boppe alles leafdefol úttekene wurde. In boek om net te missen!

('In kop as in almenak' is Boek fan de Moanne yn augustus/septimber)