Hoe krijst it as regionaal skriuwer foar elkoar en skoar ek bûten de provinsjegrinzen? Is dêr in resept foar? Blykber wol, sa begriep ik út in pear ferrassend heldere opmerkings by de presintaasje fan de brosjuere ‘Ten books from Friesland’ dy’t begjin oktober plakfûn by Tresoar.
De provinsje Fryslân wol de Fryske skriuwerij promote bûten Fryslân. Prachtich fansels, al kinne je je sjoen de ferkeapsifers ôffreegje oft it net handiger is mear enerzjy te stekken yn promoasje ûnder de Friezen sels. Om it Fryske boek yn de grutte wide wrâld oan te priizgjen is doedestiids Alpita de Jong frege om as yntendant tsien boeken te selektearjen foar de Buchmesse yn Frankfurt. Har list hat laat ta krityk dy’t him benammen rjochte op de folge proseduere en op it feit dat der in oantal klassikers op dy list stie. In soad skriuwers, wêrûnder ik, hiene leaver in wat mear aktuele list sjoen, wat net betsjut dat ik wat op Alpita de Jong sels tsjin ha, dy’t grif har bêst dien hat ta in ferantwurde kar te kommen.
Underwilens sit de Buchmesse derop. Grutsk waard meidield dat der serieuze ynteresse wie, benammen foar de klassikers. Wie de krityk dêrmei net terjochte? Dat wit ik noch sa net. Oer de reden fan dy belangstelling waard oant no ta net praat. It wie dêrom namste nijsgjirriger dat by de foarumdiskusje nei ôfrin fan de presintaasje troch Victor Schiferli (beliedsmeiwurker by it Letterenfonds) hjiroer in rake opmerking makke waard: ‘Een voordeel van klassiekers kan zijn dat men geen rechten meer hoeft te betalen…’ It soe dus neffens dizze insider samar in kwestje fan dûbeltsje en earste rang wêze kinne. Niks mis mei, mar sa falt it ljocht al justjes oars op it kleemde ‘súkses’. Afijn, wy wachtsje ôf en hoopje mar op in goede ôfrin, oars hat alle drokte foar neat west en dat soe ek skande wêze.
De oersetting fan myn debútroman (net mear te krijen, mar op dizze side sawol yn NL as FRL as e-boek te besetten) kaam ek noch op it aljemint. Myn ‘âlde’ redaktrise Jelma Knol makke in opmerking oer it setsje fan trije Fryske boeken dy’t doedestiids troch de Friese Pers Boekerij yn it Nederlâns op de merk brocht is: ‘Dat men van buiten Friesland altijd zo ‘hapt’ op boerenromans vind ik wel problematisch. Toen wij een aantal moderne Friese romans uitbrachten in het Nederlands, (De ladder, Zwarte engelen en Prospero) scoorde alleen De ladder redelijk, waarschijnlijk omdat het verhaal zich op een boerderij afspeelt en gedeeltelijk in de oorlog. Als een Fries boek geen “boerenroman” is, verkoopt het dus niet.’
No tink ik earlik sein net dat dit de iennige ferklearring fan it matige súkses wie. It sil ek te krijen hân hawwe mei de goed bedoelde, mar net effektive promoasje en de kar fan trije boeken tagelyk. En dan ha ’k it noch net iens oer de kwaliteit fan de opmaak. ‘Dat ik “De ladder” heb gelezen mag wel een wonder heten,’ die in entûsjaste lêzer út de Rânestêd my te witten. ‘Zo’n klein formaat en zeg nou zelf, die voorkant ziet er toch niet uit? Veel onooglijker kan het echt niet…’
Likegoed makket de opmerking fan Jelma Knol nijsgjirrich nei de achtergrûn. Wêr doelde se op doe’t se sei dat allinnich de Fryske boereroman bûten Fryslân in kâns makket? Kinne boeken yn oare sjenres net besjen lije om’t se net goed of nijsgjirrich genôch binne of alteast fûn wurde?
Hoe dan ek, foar de twadde list dy’t yn 2016 makke wurde sil, is it helder. Jelma Knol folgjend kin dy it bêste bestean út tsien boereromans. Goed om te witten. Ik sil alfêst in overal mei reade bûsdoek oantuge. Kin ik by de folgjende presintaasje op myn skerjontsjes moai in klompedûnske dwaan mei deputearre Jannewietske de Vries.
Komt dat zien!