Klik-klik

9 oktober 2015

- Dêr wie ’k alwer, ik bin sa stadicoan bern oan hûs.
- Sis dat wol. Wêr wolst my ditkear hawwe?
- Tsjin de muorre dêre, tocht ik. Moai ljocht. Wolst der ris tsjinoan stean?
- Sa?
- Nee, in bytsje nonsjalant. En dan de earmen oerinoar, sa ja.
- Wêr moat ik sjen?
- Nei de kamera. Mar de holle skean. Nee, nei my sjen sjen bliuwe!
- Sa klear?
- Nee, sille sy ek noch ien foar de Van der Bij dwaan? Moaie kleuren.
- Okee. Mar hoe krij ik der kop derfoar?
- Ast noris op de bank knibbelest. Op de leuning. En dan mear nei links.
- Dan donderje ik derôf.
- Probearje even wol te hâlden. Bytsje heger, nee leger, wat fierder nei rjochts.
- Pfff, dat foel net ta. Binne wy no dan klear?
- Hast ek in wurkkeamer?
- Jawis. Rin mar even achter my oan.
- O manjifyk plakje. Skriuwst wolris mei de hân?
- Allinnich oantekeningen;
- Doch dat dan mar. Kinne de lamellen ek iepen?
- Lûk mar oan it toutsje.
- Prachtich. Doch mar krekt ast skriuwst. Kinst der ek by laitsje?
- Ha!
- Nee, ik bedoel wat mear laitsje.
- Haha!
- Goed! Nochris en no nei de kamera sjen. Tink ris oan de priis dy'tst wûn hast.
- HAHAHA!
- Sjoch ris oan, hast talint. Ik tink dat der wol wat by sit;
- Dach Niels;
- Dach Koos.