It wetter op

25 augustus 2017

Sûnt 2000 dobberje ik op myn manier wat mei yn de Fryske skriuwerij. Yn myn eigen boatsje, it lûd draacht fier. Achter my sjoch ik noch krekt de út it sicht ferdwinende kontoeren fan FLMD en it Fryske Boek, foar my út sjoch ik in eh… ja, wat sjoch ik eins? Ut en troch ferskoot der sûnder oankundiging wat op ’e kym. Sa waard it Fryske Boek oait ferfongen troch Boeken fan Fryslân, mar dat wie doe. Want BFF leit ûnderwilens ûnder it hieltyd heger opboljende lekken fan de AFÛK, teminsten as ik it mei de hân boppe de eagen goed sjoch. Wa docht it dêrûnder mei wa?

Hee, wa sit dêr? Hast dy wol goed ynsmard, Teake? Wat sitst dêr noflik yn dyn koarte broekje. Us befoarderer hat oars in fiks gat achterlitten yn ús kennisynstitút Tresoar. Soe der al ien syn plak ynnommen hawwe? Of is dat de muoite net mear? Oer de dyk sjoch ik hiel út en hiel troch in kroadsje riden mei in frijwilliger derachter. Dêr sitte dan wer Fryske boeken yn. Om te ferkeapjen oan minsken dy’t se oars net keapje. Soe it wat rinne mei dy nije Sutelaksje? Ik hoopje it mar, al hear ik der net folle fan. It moat straks tsien kear per jier, minstens. Stiet yn it belied fan de Provinsje. Mar wêr meitsje ik my drok om, ik set myn peddeltsje wer yn it wetter.

Yn it paviljoen fierderop sit in espeltsje dichters brún te bakken. Of yn har sop gear te sieden, soe ek kinne. Dy skatten hawwe it ek net maklik. Trije kear riede wêr’t se it oer hawwe. Gjin merke yn ’e tsjerke, mar noch altyd gjin dúdlikheid oft de Provinsje wat docht mei harren krityk. Oer de nominaasjes sels lês ik amper wat, de stilte raast wer ris oan ’e protters. Nee, dan de Dichter fan Fryslân. Draaie jim al mei yn it alternative karrûsel fan Syds? Of ha de measten fan jim stikem sollisiteard om dochs mar offisjeel Dichter fan Fryslân te wurden? Tink om it rymskema, minsken: ££, €€, $$, nobody fucks with Fryslân!

Ferhip, myn peddeltsje sit fêst. Wat is dat foar troep? Nee dochs, in spandoek fan it Boekefeest! Fan ferline jier noch wol. In collector’s item, sizze se dan op Marktplaats, in relyk út eardere tiden. Dat nim ik mei, blinder, want it is mar ôfwachtsjen oft der überhaupt oait noch wat organiseard wurdt. Kom, kom, net sa pessimistys, sjoch even wat better, Koos. Dat stielen ramt dêr, wurdt dat it Lân fan Taal net? In moaie feestlokaasje, liket my. Soe der net in moaie rûne tafel yn passe? Dêr’t al dy dichters, skriuwers, betinkers en doggers ris oanskowe kinne? Om mei-elkoar te oerlizzen sûnder fuortdaalks as blazende katten yn ’e gerdinen te fleanen? Mei de finsters iepen?

Oer iepen finsters sprutsen. Wat is dat foar UFO boppe de kym? Mei de lûken stiif ticht? O, de Kulturele Haadstêd, dy’t ik al in pear kear in mailtsje stjoerd ha. Mei wat fragen oer in plantsje dêr’t ik hannen en fuotten oan jaan wol. Ik ha net iens in antwurd krigen. Of soe ik yn de ferkearde taal skriuwe? Hawar, ik leau dat ik myn boatsje it frije wetter noch mar ris op stjoer, de simmer is moai en it Fryske wetter wiid…