I.M. Auke Huistra

20 februari 2015

Der binne fan dy fêste wearden dêr’t je je net fan foarstelle kinne dat se oait fuortfalle sille. Sa’n fêste wearde yn myn bestean wie Auke Huistra. Op It Nijs stie al in stikje, mar sels wol ik ek noch even by it ferstjerren fan dizze bekende boekeman stilstean..

Lykas bekend mei ik graach wat omsneupe as it om boeken en platen giet. Om wat gaadliks te finen is it net genôch om út en troch ris in kringloop yn te rinnen of in merk ôf te strunen. Fral by ferkeapings is it saak goed op ’e tiid te wêzen. En dat wie ik dan ek. Mar hoe kreas op ’e tiid ek, Auke Huistra wie der altyd earder. As ik dan oansleat by de rige, stie hy by de doar en ik achteroan, dit om de ferhâlding oan te jaan.

Op Keninginnedei wie dat net oars. Yn ’e regel wie ik dan sawat om seis oere op de frijmerk. Moai om noch wat mei te pikken, tocht ik. Oant ik Auke tsjinkaam, dy’t der dan al twa oeren op sitten hie en de auto al heal fol.

Auke wie net allinnich leafhawwer, hy hannele ek yn boeken. Fandêr dy heale auto fol. Fan him learde ik hoe’t ik sykje moast: ‘Underoan begjinne, want it boek dat dyn dei goedmakket kin oeral lizze, hoe suterich de boel der ek hinne leit.’ Auke seach dus oeral ûnder, der ûntkaam him net folle.

Ik leau ek net dat ik fierder ien kend ha dy’t safolle doel oer boeken hie as Auke. Sekuer wist er elke fynst te beneamen, fral fan klassike skriuwers as Thomas Mann of Couperus: ‘De twadde printing fan dit boek is hiel seldsum, de earste net, want…’ En dan folge der in hiel ferhaal oer it hoe en wat. Hy seach ek altyd even nei wat ik dan opdold hie om de wearde oan te jaan: ‘Dy moatst net fuortdwaan, dy fynst noait wer.’

Hy sammele sels ek, in hiele kolleksje. As er dan wat kocht hie op in feiling, fakentiids foar grou jild, wie er as in bern sa bliid. Wat er sels net hoegde, gie yn ’e hannel. Op de Deventer boekemerk wie er altyd te finen. Wiken yn’t foar wie er al dwaande mei ynpakken, hy hie der altyd sa’n sin oan om derhinne. Nei ôfrin fertelde er dan hoefolle der ferkocht wie, Dat gie dan net yn oantallen boeken, mar yn in foar my ûnbekende rekkenienheid: de bananedoaze.

En no is er der net mear. Ik sil in ûnthâlde as in beflein en freonlik man. Hy waard 67 jier.