Hylke de Gysbert?

5 december 2014

Wylst Hylke Speerstra by it lêzerspublyk gjin kwea dwaan kin, wurdt der yn it Fryske skriuwerswrâldsje wolris wat mei in skean each nei dizze skriuwer sjoen. Mei in 'iepen brief' fan Willem Winters op Ensafh kaam dat ferskynsel wer ris boppedriuwen. Blykber is it lestich om te gean mei in auteur dy’t al sa lang syn eigen paadsje siket (en fynt) en der dêrby yn slagget mei syn ûnderwerpen in grut publyk te berikken én fêst te hâlden.

Syn nijste boek ‘Op klompen troch de dessa’ bestiet út ferhalen fan feteranen dy’t meidien hawwe oan de Polisjonele Aksjes yn Indië. Sels haw ik by de research foar myn twadde roman ‘De mjitte’ ek in pear feteranen befrege om’t ik wat ynfo nedich hie foar de achtergrûn fan ien fan de personaazjes. It foel my op dat de mannen dy ynfo graach jaan woene, mar sa gau’t ik trochfrege klapten se ticht. By guon feteranen dy’t Speerstra opfiert sjochst deselde reaksje. De Polisjonele Aksjes steane nettsjinsteande de wat ûnskuldich oerkommende namme no ienris net bekend as hichtepunten yn de Nederlânse skiednis. Speerstra lost dit tekoart oan ynformaasje op troch de mannen dan mar oan it wurd te litten oer de oarloch fan '40-'45, of de thússituaasje. Sa wurdt bygelyks yn it haadstik oer Rinse Zijlstra (broer fan de ferneamde Jelle) wiidweidich yngien op it ûnderdûken yn de ierappelbult om út hannen fan de Dútsers te bliuwen en de súksesfolle karrière fan beide bruorren nei de oarloch, wylst ik leaver wat mear lêzen hie oer wat Rinse no werklik die yn relaasje ta Indië, nammentlik it opfandeljen fan wegerers om dy ôf te leverjen by kamp Schoonhoven om se dêr ‘Indiëbereid’ (!) te meitsjen. It skrassen fan sokke haadstikken om’t se minder goed ûnder de flagge fan it boek passe, hie wat my oanbelanget yn guon gefallen ek in opsje west.

Gelokkich nimme de measten gjin blêd foar de mûle. Dreaun troch earmoed thús, lutsen troch it aventoer of der troch de dûmny ‘hinne preke’ giene se, jongkeardels dy’t oprjocht mienden dat se der goed oan diene har op te jaan as frijwilliger. De Kanadezen hiene ús ommers ek befrijd, wêrom soene sy dan itselde offer net bringe om de Indiërs te befrijen? Net dat sok idéalisme lang oerlibbe yn de Tropen. Algau waard de measten dúdlik dat it winliken om it feilichstellen fan de ekonomise belangen gie. Ien fan de hichtepunten fan it boek fûn ik it deiboek fan Freark Beuckens. Twifel, ek oer it eigen hâlden en dragen, de wreedheden, alles komt yn heldere taal foarby. Ek wurdt der yn in soad ferhalen omtinken jûn oan de gefolgen fan sa’n útstjoering. Fan PTSS hiene se yn dy tiid noch noait heard. Troch hurd te wurkjen besochten de jonges dy’t sa’n soad meimakke hiene, de spoeken bûten de kop te hâlden, fan de neisten lykas harren froulju en bern waard in soad frege om it bestean yn ’e stokken te hâlden.

Mei dit boek hat Hylke Speerstra in weardefol boek oan syn rike oeuvre tafoege. Yn linich Frysk docht er ferslach fan syn befinings en leit er dit wichtige en ek beskamsume part fan ús skiednis fêst wêrby’t er de mannen dy’t oan it wurd komme yn har wearde lit, sels wannear’t bygelyks troch ien fan harren de massamoard fan Rawagede min ofte mear ûntkend wurdt. Dy ûntkenning waard nei de oerdracht fan it gesach fuortdaalks oernommen troch it regear, dat de útstjoerde jonges fan doe mar leaver emigrearjen seach. Want al waard Nederlân wrâldwiid ferachte om wat it útfretten hie oan oarlochsmisdieden, it kleed dêr’t dy skuld ûnder fage waard, wie grut en willich. Oant op de dei fan hjoed ta, Nederlân hat net in al te bêste reputaasje op dit flak en bliuwt sunich yn it erkennen fan dy skuld. Sa sei steatssiktaris Teeven op de jierlikse betinking fan 2013 yn Roermond, bywenne troch Speerstra, it ek wer moai eufemistys: ‘In de Tweede Wereldoorlog vocht Nederland tegen de bezetter. Maar in de koloniale oorlog werden wij gezien als bezetters en waren wij de verliezers.’ Speerstra wit hjir trouwens by te melden dat der nei dizze wurden trije Starfighters oerfleagen. Dat is fansels in lyts fersin, it gie om fjouwer F-16’s, dy’t in ‘Missing Man’ útfierden, wêrby´t ien fan de piloaten de formaasje ferlit as symboal foar de manlju dy’t net weromkamen.

Hylke Speerstra hat de ferhalen fan dy jonges fêstlein, in put wurk, mar de muoite fan it lêzen mear as wurdich. It is dan ek net in ferrassing te sjen dat er ek no wer folle sealen lûkt. Syn betsjutting foar de Fryske skriuwerij bliuwt dêrmei ûnfermindere grut, foar my reden genôch him te sjen as in serieuze kandidaat foar de Gysbert Japicxpriis fan ankom’ jier.