Herberch Frisia

Herberch Frisia

Herberch Frisia
8 oktober 2021

In herberch, ít plak foar de wurge reizger om wat te iten, mei muzyk en drank, om dernei yn in waarm bêd te bekommen fan de reis. Dat byld wurdt no ynset as namme fan in nij literêr festival dat yn meardere gemeenten op priemmen set wurdt. Hoe hearlik is dat foarútsjoch: einlings wer in festival mei (Fryske) literatuer sintraal. Hoopje ik. Want sûnt it Fryske Boek weiwurden is troch de apaty dêr’t literêr Fryslân mei oanklaud sit, is it kontakt tusken skriuwer en lêzer der net op foarútgien.

No ha ’k it wurd ‘hoopje’ yn de foarige alinea net foar neat brûkt. Want wilens hâld ik myn hert alwer fêst. Krekt sa’t ik dat by de Kulturele Haadstêd ek al die. En myn foargefoel kaam doe aardich út: fan it Fryske proaza wie neat te bespeuren. Wol wie der omtinken foar ‘lytse talen’, want der moast fansels wol ‘in ferantwurde jaske’ omhinne. Wa’t lykwols dat jaske iepenknope, kaam, as it om it Frysk giet, net folle mear tsjin as in ferdwaalde dichter dy’t in pear rigels projekteare mocht op de Aldehou.

Goed, dat hat west. As reaksje kaam it idee op om in festival te organisearen dat him rjochtsje moatte soe op it Fryske proaza. Earlik sein hie ’k net ferwachte dat it wat wurde soe, mar blykber komt it derfan. No ha ’k der mei driuwende krêften as Anne Tjerk Popkema ek wol fertrouwen yn, mar as ik sjoch dat dat jaske fan lytse talen wér fan ’e kapstôk helle wurdt, kompleet mei in saneamde wikselwurking, geane de ridels my oer de rêch. Fansels soe it wurkje kinne, mar allinnich as it Fryske proaza ék goed fertsjintwurdige is. In wikselwurking kin allinnich dán ûntstean, liket my.

Is dat alles? Wie it mar sa. Want in festival foar lêzers, mei skriuwers en boeken, is net foar elkenien genôch. Sa wist Goffe Jensma op Facebook al te melden dat er by de organisaasje fan Herberch Frisia in baltsje opsmiten hat oer in ‘sympoasium’ as ûnderdiel fan it festival. Abe de Vries wie fuortdaalks entûsjast en reagearde mei in oantal suggestjes: ‘Wat hawwe minderheidstalige kultueruteringen mienskiplik? Binne har skiednissen ferlykber? [...] Herberch Frisia is in unike kâns foar de FA, RUG, UU ensafh. om op dit mêd it Europeeske foartou te nimmen.’

No ha ’k in soad respekt foar Abe de Vries en Goffe Jensma, roppenden yn ús taalwoestyn, mar as ik soks lês, giet de grize my oer de grouwe. Fansels bin ik ek foar in wittenskiplike ynstek as it giet om de saken dy’t Abe sa út 'e literêre mouwe skoddet. Allinnich doch dat op in letterkundige dei by de Fryske Akademy; dêr kinne de FA’s, RUGGEN en UU’s fan dizze wrâld har útlibje. Foar in tige beskaafd publyk dat dêr ynteresse foar hat.

Mar Herberch Frisia? Lit dat foar de feroaring ris in feest foar lêzers en skriuwers wêze, nét polityk korrekt, nét kreas tusken de lyntsjes, befrij it út ’e greep fan ynstituten en beropsfriezen, lit de literatuer séls fleane, dûnsje en sjonge, mei in spannend programma om berneboeken hinne, omtinken foar reis- en deiboeken, fier de fiksje, lit ús fan de iene ferbazing yn de oare falle en meitsje sa fan Herberch Frisia in festival om te tútsjen sa moai.