Groeten út Einum

27 maart 2015

De neisoarch foar it ljipkeguod mei dan ûnder druk stean, in bytsje skriuwer ûntlûkt him oan dy trend. Want wa’t A seit, kin net om de B hinne. Dus gean ik geregeld werom nei de setting fan myn boeken om even te sjen hoe’t it mei al dy figueren dy’t ik optocht, giet.

Ut en troch stap ik dus yn ’e auto om bygelyks nei Einum. En dat doch ik graach. Ik ha der op it lêst mear as in jier omspaand, sa ûnopfallend as it mar koe om de deistige gong fan saken net te ferballen. Sels by nacht wie ik net beroerd om derhinne, want yn it tsjuster spilet him fan alles ôf dat yn in ferhaal goed te brûken is.

De wei nei Einum ta leit der noch altyd like suterich en foaral smel by, de gemeente lit it gewoan ôfwitte. Ik bin dan ek altyd bliid as ik sûnder tsjinlizzers it rustkjende nammeboerd berikt ha. Earst in slach troch de buorren. It grutte nijs: yn tsjinstelling ta de gemeentlike sloopplannen dêr’t yn it boek noch oer praat wurdt, stiet alles noch oerein!

It Achterom út riden, keard by it âlde skoaltsje en dêrnei de Seedyk op. Ta myn ferrassing seach ik dat achter de pleats fan Rindert Walburg in nagelnije ierappelloads boud is. Dy stie der noch net doe’t ik in pear jier ferlyn ‘Einum’ skreau, dus mar even it hiem op. Tafallich trof ik Jente, de âldste fan Roan en Lidy, achterhûs. In echte bûtenman. Nee, ‘de âlde boer’ (hy bedoelde fansels Rindert Straatsma) wie ferhuze nei in appartemintsje yn Fierum, de pleats wie min ofte mear oerdien oan syn heit. Earlik sein hie ’k net oars ferwachte, seks is in gaadlik smarmiddel foar ditsoarte transaksjes. Mar dat haw ik dy jonge fansels net oan ’e noas hongen, of hy hat it boek lêzen, mar dat ferwachtsje ik sjoen syn leeftiid eins net.

Dêrnei bin ik oanstutsen by de Gesusters Pasveer. Dat is fêste prik, sis mar. Ik mei ek graach oer Hendrika en Geertruida. Of oarsom, want ik kin se noch altyd net rjocht útinoar hâlde. Noch altyd like fleurich, dy twa. Doe’t ik se fertelde oer de nominaasje foar de Gysbert wiene se ta myn fernuvering hielendal net ferrast. ‘Wy tochten al, wat is it de lêste tiid drok yn de wykeinen. Allegear fan dy lju dy’t wat omstrune, nei it Wiel en dan hjir om in bakje. Earst mienden wy datst hjir wer in fûgeltsje út Amearika wei hinne skreaun hiest, mar in nominaasje, dat sit der achter.’ Fansels wiene se benijd oft der no ek mear ‘Einums’ ferkocht waarden. Ik koe se melde dat dat yndied it gefal is: wat grutter de literêre sjuery, wat heger de omset.

De Gesusters fertelden derby – ik wit net oft ik dit hjir wol sizze mei – dat net alle ynwenners like bliid mei jim wykeintripkes binne. Benammen Klaas Kooiker hat der wat problemen mei, want nee, syn himpkwekerij op ’e souder is noch altyd yn bedriuw en hy wol gjin struners op it hiem.

Mochten jim dus nei dit ferslachje nei Einum wolle, mij dan de HAMA, as jim wolle. En jim moatte de groeten hawwe fan Gustaaf Lienward. By him binne jim ál wolkom, want hy eksposearret syn nijste wurk. Yn it skoaltsje oan it Achterom!

Hínne, soe ’k sizze!