Hjerst, de blêden falle. En it is wer de tiid fan Nederland Leest. Promoasje fan de biblioteken om mear te lêzen. En hoe dogge je dat? Troch fergees in boekje oan te bieden, want gratis is by de sljochtweihinne Nederlanner noch altyd in magys wurd. Optein stoot er nei de byb om syn eksimplaar te naderjen, want stel je foar dat de foarried op is.
Ditkear is it net in roman dy’t oanbean wurdt, mar in bondel mei ferhalen, want it ferhaal is hot. Wy hawwe ússels nammentlik wiismakke dat de roman op stjerren nei dea is. De reden: moderne lêzers kinne de kop net al te lang by in boek hâlde, harren spanningsbôge koartet yn troch alle oare ferdivedaasjemooglikheden dy’t dizze wrâld te bieden hat.
It ferhaal biedt dan útkomst. Lekker koart om ’e hoeke, dat moat te dwaan wêze. No sil ik de lêste wêze om op it ferhaal del te sjen. It skriuwen dêrfan is, sa fernim ik de lêste tiid mar al te goed, in keunst op himsels. De bondel is dan ek gearstald troch de skriuwer dy’t mei syn ZKV’s (Zeer Korte Verhalen) namme makke hat. En dat is dan fansels A.L. Snijders, net de earste de bêste.
Bysûnder is dat elke provinsje in eigen edysje meitsje mocht. De ferhalen dy’t Snijders selektearre, steane yn alle ferzjes, mar elke provinsje mocht in eigen seleksje tafoegje. De Fryske biblioteken mochten dat ek dwaan. Der is keazen foar trije ekstra ferhalen, te witten De skriuwer foar it doarpsbelang fan Trinus Riemersma, Jubbega fan Martin Bril en Vreemd geruis fan J.M.A. Biesheuvel.
It iepeningsferhaal fan de bondel is Frysktalich, in moai statement. Dêrnei folgje de oare twa, Nederlânstalige bydragen fan de Fryske biblioteken. Dy hawwe ek mei Fryslân te krijen, fandêr dy kar. Neat mis mei, Bril en Biesheuvel kinne der wat fan, it binne pronkjes fan ferhalen, lykas trouwens de rest fan de bondel bestiet út it bêste wat Nederlân op dit mêd te bieden hat.
Tagelyk ha ’k hjir ek in oare gedachte by. Dat der op de foarkant ‘Editie Friesland’ stiet yn pleats fan ‘Editie Fryslân’ mei hinnebruie. Mar ús provinsje lêst net allinnich, achte ladies and gentlemen fan de Fryske biblioteken, Fryslân skriuwt ek noch altyd. Wy hawwe hjir in eigen literatuer en dit hie in machtichmoaie kâns west en bring dy wat royaler foar it fuotljocht. Der is genôch oanbod, der leit in wrâld oan goede Fryske ferhalen klear. Tink mar oan skriuwers as Sipke de Schiffart, Margryt Poortstra of Hylkje Goinga. Plus de rest, want der binne folle mear.
Foar de kar dy’t no makke is, sille grif redenen en miskien sels foarskriften west hawwe, mar likegoed hie it foar my ek oars kind. No bin ik Frysk skriuwer, dus partidich as de neten. Mar as de Volkskrant him ek fernuveret oer it feit dat der troch de regio’s sa’n bytsje bûten it ABN om keazen is en dêrby eksplisyt Fryslân as foarbyld neamt, wa bin ik dan om dy fernuvering net te dielen?