De steat fan it Frysk as taal en it Frysktalige boek binne broer en sus. As de taal ûnder druk stiet, hat dat gefolgen foar it boek. It is bewiisd dat in taal sûnder stevich skriftlik anker kwetsberder is as in taal dy’t ek skriftlik wat foarstelt: sûnder literatuer gjin taal.
De Provinsje fiert taalpolityk om it ôfgeand tij foar de taal te fertraagjen of sels op te kearen. Fryske skriuwers wolle graach dat harren wurk it bredere publyk fynt dat it fertsjinnet. Dêrmei hawwe skriuwers en oerheid itselde doel: mear lêze yn it Frysk.
It belied om it safier te krijen is fersnippere, der is te min gearhing en toetsing op effekten is der amper of net. Nij belied soe yn myn eagen dan ek in syktocht wêze moatte om nei te gean wat wurket en wat net.
Der binne stimulearjende aktiviteiten, lykas Boeken fan Fryslân (BFF) en SWALK, ek geane der subsydzjes nei Skriuwersboun en wit ik wêr noch mear hinne. It liket my de baas en sjoch ris wat it effekt dêrfan is. Konkreet, hoefolle Fryske boeken wurde dêrtroch mear ferkocht as oars? As dat te min opsmyt, soe ik it jild leaver oars besteegje wolle, hoe moai oft guon aktiviteiten ek binne.
Sa hat Stifting Tsjil resint oantoand dat de Sutelaksje noch altyd in probaat en boppe alles fleurich middel wêze kin. It neidiel is dat it kwa organisaasje in fikse put is, alle jierren wer. Soks kin dan ek allinnich ûnder profesjonele lieding en mei betelle krêften. Dêr sit de ynvestearring en it is mar de fraach oft dy wer opbrocht wurde sil.
No giet de Sutelaksje, lykas Boeken fan Fryslân en SWALK, út fan it prinsipe dat it boek by de minsken brocht wurde moat. Ik soe dat wolris omdraaie wolle en de bal wer by de lêzer lizze. Dat kin troch in fiks budzjet – en dat hoecht fan my gjin ‘nij’ jild te wêzen, ik bin sawisa net sa fan de subsydzje – yn te setten foar in Fryske boekebon. Lit my ris útgean fan twa ton. In kwart kin brûkt wurde foar promoasje en de produksje, de oardel ton dy’t oer is kin omset wurde yn 15000 boekebonnen fan tsien euro. De distribúsje kin fia de supermerken: dêr komt elkenien. De útfiering kin moai troch bgl. Boeken fan Fryslân fersoarge wurde, sa’t dat ek gien is by it provinsjale plan om bussenfol boeken troch Fryslân tuffe te litten.
Dit plan hat in pear foardielen. It earste is dat der sa minder oan allegear strykstokken hingjen bliuwt. Dêrby is it sa dat it om mienskipsjild giet, dus weromjaan oan de lêzer is net in al te rare gedachte. Sa krijt dy sels it stjoer wer yn hannen, boppedat ferwachtsje ik dat der yn de winkels wer in grutter oanbod oan boeken yn it Bilts, Stellingwerfs en Frysk te finen wêze sil. Ta beslút is der sa gjin stoet oan frijwilligers nedich, elkenien hat genôch oan eigen drokten.
Noch ien opmerking ta beslút: dit plan wurket allinnich as hjir fiks ynset wurdt, oars wurdt it wer ien fan de safolle ‘dinkjes foar it Frysk’. It freget dus in soad (politike) moed, mar dan ha je, hielendal as je dat dogge yn kombinaasje mei in aktueel boekedisplay yn supermerken, grif in probaat middel dêr’t wy noch jierren wille fan hawwe kinne.