Okkerdeis waard my frege oft it net mooglik wêze soe myn lêstferskynde roman ‘Einum’ neist it e-boek ek út te jaan yn in papieren ferzje. De steller fan de fraach soe it handich fine om by dit boek weromblêdzje te kinnen om’t der frijwat personaazjes yn foarkomme. Boppedat soe it boek op papier foar ivich beskikber bliuwe, by in e-boek moatte je dat mar ôfwachtsje. Dêrby murk er op dat it boek it wurdich is, it waard op meardere plakken ommers geunstich besprutsen.
It gie om in serieuze fraach, en net fan de earste de bêste, dat ik wol my der net ôfmeitsje mei ien of oar ferlechje en ha ris wat dinkjes op in rychje set. Dêrby giet it fral om myn posysje yn de Fryske skriuwerij en dan fral yn relaasje ta de fraach wa’t ik der útsein mysels in lol mei doch as ik njonken in e-book ek noch in papieren ferzje útbring, los fan de fraach oft in útjouwer der wat yn sjocht.
Doe’t ik noch by de Friese pers Boekerij siet, hie ik noait te kleien oer de ferkeap, de omset siet eins noait ûnder de 1000 eksimplaren. Dat wie net min, al hielendal net foar in skriuwer dy’t wat mear yn de literêre hoeke sit en by elk boek wat oars betinkt, sawol kwa ûnderwerp as styl.
Mar de tiden binne feroare. As ik hjoeddeis kollega-skriuwers en ek útjouwers freegje hoe’t dat tsjintwurdich sit, hear ik gauris dat it mei de ferkeap nóch wer minder wurden is. Is it dan de muoite wol wurdich? Foar in útjouwer net, oars hie der wolris ien my oan de jas lutsen, soe ’k tinke, al hielendal sjoen de positive kritiken. Boppedat wol ik, mocht it al safier komme, ek noch dat it in bytsje ‘moai’ útjûn wurdt, it each wol ek wat.
Mission impossible?
Ik soe ek beslute kinne it boek yn eigen behear by Elikser as POD ut te jaan. Betellest € 1500 en krijst in oantal eksimplaren oanlevere, ek binne se dan yn ’e hannel beskikber. Mar soks stiet my wat tsjin. Op dy manier betelje ik de lêzer om myn boek te lêzen. Foar myn gefoel dan. No wit ik fansels wol dat der ek in ynkomstekant is, mar ik bliuw it wat raar finen.
Doe’t ik yn 2010 fan koers feroare, hie ’k ferwachte dat it e-boek de takomst wie, op koarte termyn noch wol. Dat bliek in fersin te wezen. It oandiel wurdt yn it algemien wol grutter, hielendal by de yllegale downloads, mar it giet tuike tuike. De prizen lizze fakentiids te heech, der sit te folle befeiliging op e-boeken en gean sa mar troch. Dêrby spilet ek de ûntlêzing net swak by. Om dy reden bin ik ek benijd wat de komst fan Amazon dwaan sil, mar dat is in oar ferhaal.
Sa’n nije manier fan lêzen hat oars ek syn sjarme. Doe’t op Ensafh ‘In aap klimt út ’e beam' besprutsen waard en Meindert Reitsma oanjoech in pear foutsjes fûn te hawwen, koe ik dy sa ferbetterje. Kom dêr mar ris om by in papieren boek. Neist eigen baas bin ik ek in bytsje promotor fan it e-lêzen. Fral by Fryske boeken komt steefêst de fraach hoe’t sa’n boek no lêzen wurde moat, want ‘ik krij it net iepen.’ Dêrfoar ha’k in pear standert-brieven klear lizzen en as it moat kom ik heechstpersoanlik by de klant del as dy der net útkomt…
Ik hâld it dus ynearsten mar by it e-boek. Al witte je it noait mei my. Myn talint om it roer om te smiten is grut, ik stean oeral iepen foar. Moarn kin alles ommers wer oars wêze, dat wy sille it sjen.