Ynienen sjoch ik har lizzen: in ko. Skamteleas leit se yn ’e berm, kroandea. By boer Tykstra falt der, lykas by al syn kollega’s, geregeldwei in koke om.
No wenje wy yn Nederlân, dat ek de soarch foar de ferstoarne bisten is optimalisearre. Oant op in begrutlik nivo. De lêste tiid hat de effinsjensy taslein by de kadaverhannel. Achter in buro wei hat in nust managers ornearre dat deade bisten tenei net mear fan it hiem ophelle wurde, mar by de wei lizze moatte sadat de sjauffeurs net mear oeren besteld binne mei it manûvrearjen tusken popels, homeiepeallen en pikehokken. Dêrmei folget de Rendac de postrinders dy’t de gong deryn hâlde troch it brieveguod yn alderhande bakjes te deponearjen sûnder in milimeter fan de rûte ôf te wiken.
De folgjende stap is maklik te betinken: straks moatte kij dy’t net lekker wurde, harren previntyf melde yn Burgum: dat komt in soad muoite foar. Dizze ko is, behalve dea, ek noch slim opswold. Grouwélich gnizend mei bleate giele tosken en wiidiepen noastergatten leit se tusken stikels en hynsteblommen om de argeleaze fytser de grize op de lea te jeien. Dizze dea is te lilk foar wurden.
As boeresoan wit ik dat blastigens de oarsaak fan har bûtenwenstige proporsjes wêze moat. Krekt op dit stuit nimt myn fantasije it oer. Yn myn gedachten sjoch ik it foar my: in sjauffeur, sigaretsje bongeljend oan ’e lippen, stapt út de destruksjewein, mei de pet ûnferskillich op ien ear. Hy besjocht it bist fan alle kanten en rint dan nei it knoppebakje. De kraan swaait rjochting ko. Dan dogge de gripers in taast nei it deade liif. De bek slút de tosken en in gaswolk fan komsa wâlet út it kadaver wei omheech. De sjauffeur besiket noch om syn sigaret fuort te smiten, mar it is te let…
Glimkjend by de gedachte fyts ik fierder. In frou dy’t my yn ’e mjitte komt glimket werom en groetet optein. Wylst it laitsjen op myn domme kop bestjurret, stek ik in hân op. Net dat ik har it misbegryp kwea-ôf nim. Hokker frou stiet der by stil dat der manlju besteane dy’t net glimkje om hár, mar om in ploffende ko?