Der kin yn Fryslân net in literêre priis útrikt wurde, of der binne wol lju dy't it net litte kinne om der in soerich rantsje omhinne te figuerseagjen. Sa lies ik juster in kollum yn de Ljouwerter Krante, net sasear oer staveringsflaters yn Fryske boeken, mar oer de fraach wat no krekt goed Frysk is en wat net.
Pieter de Groot, want oer him giet it, hat wol wat mei Ed Knotter, as ik in âldere kollum en dy fan juster oer flaterfrij Frysk lês. De bêste man wurdt omraak siteard / sitearre / nei-eamele, want it stiet faai / foei mei de taal, benammen / foaral as it om it skreaune Frysk giet en hielendal as dat skriftlike Frysk útbrocht wurdt by de Afûk.
Pieter syn konklúzje yn april 2013 wie dan ek sa helder as glês: 'It klassyk skreaune Frysk yn boeken en blêden moat salang’t der noch boeken en blêden op papier ferskine, geef wêze'. Gie it doe / toen om Kofje Ferkeard fan Margryt Poortstra (Knotter: ‘It boek telt suver mear ynterferinsjes as bledsiden’), diskear / ditkear / deze kear is Baukje Zijlstra de pineut / it bokje / de sigaar.
Om oan te toanen hoe slim / erch oft it is, wurde der yn sokke kollums / columns alderhande / allerhanne / allerhande foarbylden jûn. Sa kin in bytsje frommis de doar net iepensmite mei in hertlik ‘kom nei binnen’, nee, echte Friezen komme deryn / der yn, ferfolgens / dêrnei / tenei geane wy net ‘nei bêd’, mar ‘op bêd’ om dêr in potsje te frijen / naaien / joepen / pearjen / bestigen / kezen / kopulearjen / seksen of om myn part platfiterjen.
Dat neuke yn Fryslân koarter duorret (teminsten / alteast by my) as it opskriuwen fan alle synonimen mei hinnebruie, punt is fansels / fanself dat it noait / nea / never goed is. Foardiel is dan wol wer dat it ek noait / nea / never ferkeard wêze kin, of om it mei Ernst Bruinsma te sizzen: ‘Ik wol dat gjin flaters neame, ik neam dat taalfariaasje’.
Want sa is it mar krekt. Wa’t Frysk skriuwt, moat no ienris in kar / keus meitsje tusken efter en achter, barre en gebeure, parkeare en parkearje, sykhelje of azemje / ademje, en gean sa mar troch. Dat hat alles te krijen mei de aard fan it bistke / bistje: Frysk is in sprektaal dy’t de oerstap nei de skriftlike himel noait meitsje kind / kinnen hat. En sokke talen binne gefoelich as it om ynfloeden fan bûtenôf giet. It geve Frysk dêr't Pieter de Groot en Ed Knotter sa wiis mei binne, bestiet dan ek net, sterker noch, it hat noait bestien, dêrfoar ûntbrekt in in taal as dy fan ús domwei oan autoriteit.
Foar de puristen ûnder ús mei, sa’t Pieter de Groot hawwe wol, it lêste / lêtste wurd hjir noch net oer sein wêze (O nee? Wêr binne dan dy kloften minsken dy't harren tiid fergrieme mei sa'n non-issue?), úteinlik is it yn myn eagen de fan de wolken waaiende wyn dy’t útmakket hokker kant wy út sile sille.
Mei dy fleurige gedachte yn 'e achterholle wol ik Baukje dan ek fan herte lokwinskje mei de Douwe Tammingapriis foar har debút De koma-korrektor!