Fan in reager en in rôt

Fan in reager

kofje
26 september 2021

Yn ’e regel moat ik tsien kear sjen om fêst te stellen oft in reager echt is, of sa’n eksimplaar datst by de boumerk keapje kinst. Ditkear kostet it minder muoite. Plestik reagers ha net de gewoante en sit yn in sleatswâl ûnder Jorwert mei in farsk fongen rôt yn ’e bek.

Syn ried tenein raast it bistke it út op dat foar elk sa beskiedend momint, op de grins tusken libben en dea, yn de wittenskip dat ûntkomme net mear mooglik is. Lykwols, de ielreager is fan ’e roai. Wat moatte je mei in kritende rôt dy’t net fan doel is om mei te wurkjen oan syn ûndergong? Of konkreter: hoe krijst in rôt dy’t dy oerdwers yn ’e bek hinget, mei de kop nei foaren, sûnder dat dyn miel ûntkomt?

By in fisk is it ienfâldich. Gewoan wachtsje en as it libben derút is, smytst him op as in pankoek en heinst him. Slokke en fuort. Mar in rôt, hoe dogge je dat? Nei in spektakel fan tsien minuten is der noch hieltyd net in oplossing. Unbeweechlik sit de reager him de kop te brekken oer it probleem, dan giet er op ’e wjukken, de protestearjende passazjier meinimmend. Wat in ôfdijer. Noait sil ik witte hoe’t it ôfrint. Tink ik.

Lykwols, de oare deis sit ik de krante te lêzen as myn each falt op in stikje oer... in reager. Ut Frjentsjer wei is in melding kommen oer in spektakel yn it stedspark. Presys: mýn reager en mýn rôt! Dat kin dochs net oars? En wat in gelok, de ôfrin stiet derby: helje in fisk út syn elemint en hy giet dea, by in rôt dochst it oarsom.

No begryp ik wêrom’t reagers sa steatlik troch de loft ruoikje: se tinke wilens nei.