Fan fleane en flechtsje

Fan fleane en flechtsje

kofje
10 oktober 2021

Fan fleane en flechtsje

Ynienen stean ik each yn each mei in din fan ûnbestimde leeftiid. Krûm stiet er tusken wat bjirken en oar strewelleguod. Oan de sigesaagjende stam en de wrotwoartels te sjen hat er in libben lang besocht om fan it plak te kommen, in senuwlijer yn hout. Ek oan de pleatsing fan de panyktûken is gjin salve te striken. Wyld sjitte se út ’e bast wei, fergrime slane se om har hinne yn it fierder sa steile bosk.

Dochs hoecht er him net iensum te fielen. Op ien fan syn tûken sitte trije hoarnûlen op in rychje út te blazen fan in lange nacht. Se binne der wis fan: wy sjogge dy wol, mar do ús net. Wy meitsje nammentlik diel út fan dizze beam en binne – skutkleur & sa – absolút ûnsichtber!

Allinnich by de bûtenste fan de trije toarnt de twifel dy’t al it hillich leauwen ier of let oantaast. De gedachte dat er dochs wat fier fan de stam ôf sit boazet mei de sekonde oan. As oalje op wetter sjit de skrik út it swart fan de eagen wei ûnder syn dûnzige jas troch oer it riboskjend fel. Rillegau hâldt er it net mear. Unrêstich wiggelet er fan it plak om dan mei in nidige gjalp fan ruten te spyljen. Syn beide trawanten folgje, de kopkes djip yn ’e skouders.

It ferskil tusken fleane en flechtsje leit grif minder fier útelkoar as de measten tinke.