Ernst Langhout

Ernst

Optreden Tresoar
18 september 2024

It is alwer in moai skoft lyn, de tiid dat Fryske skriuwers keppele waarden oan in Fryske muzikant, om tegearre rûnom Fryske biblioteken en doarpshuzen ûnfeilich te meitsjen. Sa kaam it dat ik, it sil om 2006 hinne west hawwe, mysels weromfûn oan ’e side fan Ernst Langhout, dy’t yn dy jierren namme makke mei oersettingen fan lieten dy’t earder troch Bob Dylan (Ernst tsjutte him steefêst oan as ‘Bob Zimmermann’), ta de ivigens yn songen wiene. Dy oersettingen, makke troch Harmen Wind, foelen der wakker yn, ek by my, dat ik wie o sa fergulde mei de kar dy’t it Fryske Boek makke hie.

De klik wie der dan ek fuort, wat mei de ynspiraasje wie ta it skriuwen fan in kabaret-eftich programma dat wy ‘Persilwyt en Tovaread’ neamden. Foar it meastepart wie it programma basearre op De Mjitte, myn twadde roman, mei in moaie wikselwurking tusken Ernst mei syn lietsjes en my mei stikjes tekst dertuskentroch. Of oarsom, want ik song mei, wylst Ernst syn rol yn myn optinksels mei in soad wille spile. Letter kamen gitarist Johan Keus en skriuwster Greet Andringa der ek noch by, wat alwer in hearlik programma opsmiet, doe om myn boekewikegeskink Mind Games hinne.

Ernst wie sa’nien dy’t op it earste each lakonyk troch it libben sile, him ferwûnderjend oer al it gedoch yn ’e wrâld om him hinne. Mar dan! Midst alle drokten naam er in slokje en sette er útein. Gitaar derby en sjonge mar. It publyk hie er fuortdaalks oan in toutsje, mei syn prachtige stim en de manier dêr’t er de lietsjes mei foarmjoech. Want dat lakonike dêr’t ik it oer hie, ferdwûn sa gau it om de muzyk gie. Dan spile de fakman yn him op, sawol by de optredens as yn de studio. 

Sa hie ’k om myn boekewikegeskink (mei dêryn in rol foar John Lennon) hinne wat nûmers oerset. Ien dêrfan wie Mind Games, in liet dat bepaald net maklik te sjongen wie. En leau my, dat is in eufemisme. As in liuw siet Ernst foar dy mikrofoan en song er elk wurd feilleas teplak, sûnder in spoar fan twifel. It koe sa, mei nûmers as Imagine en Fjoer, op de cd dy’t wy útbrochten tagelyk mei it boekewikegeskink.

De lêste jierren rekke Ernst wat út byld, om ynienen wer yn it middelpunt te stean doe’t syn âld spultsje/studio ôfbaarnde. Fansels wie er oandien, mar hy naam it sa’t it wie. Doe die ek bliken dat in soad minsken him noch lang net fergetten wiene, de help kaam fan alle kanten. En no is er der net mear. It heucht my dat wy it ris oer de flechtigens fan it bestean hiene. Je witte net wêr’t je oan stjerre, sa sei er tsjin my, dêr kinne je wakker oer yn sitte. Mar as je ienris wat slims hawwe, no, dan is it sa. En sa is er gien, dizze rasmuzikant mar boppe alles waarme man dy’t ik noait ferjitte sil.