Earme Rink

Rink

Rink
18 juni 2021

Hjoed mar ris belle mei de gemeente Smellingerlân, dwaande mei in oansteande besuniging fan mear as 30000 eurootsjes op it Frysk taalbelied, en der noch altyd net yn slagge om de Rink van der Veldepriis oan Johan Veenstra út te rikken.

Neidat de chatbot net wist hoe fluch oft er my trochferwize moast nei 'een collega', krige ik in frommes fan fleis en bloed oan de telefoan.

'Ik belje fanwege de útrikking fan de Rink van der Veldepriis'.
'Wat is dat presys?'
'In literêre priis dy't Smellingerlân om de pear jier útrikt.
'Komt my net bekend foar, mar ik wurkje hjir noch net sa lang.'
'Ha jo dan wolris heard fan Rink van der Velde?'
'Earlik sein net, nee. Mar wat is it probleem?'
'Johan Veenstra...'
'Johan Véénstra?'
'Ja, dy hat dy priis ferline jier wûn, mar troch covid is dy noch net útrikt.'
'Kin ik my foarstelle.'
'Ik net.'
'Want?'
'De man is in skoftke lyn eareboarger fan syn gemeente wurden, gewoan útrikt. In pear wike ferlyn hat Prinses Beatrix Veenstra de Sulveren Anjer útrikt. Is ek gewoan trochgien. Dat wêr bliuwt Smellingerlân, freegje ik my ôf.'
'Ja, dat wit ik ek net. Soene jo fannemiddei it siktariaat belje wolle?
'Doch ik.'

De middeis wer belle, no mei it siktariaat. It petear ferrûn as hjirboppe, mei noch in oantal fragen fan gemeentekant oer it te ferwachtsjen oantal besikers en wa't dy priis gewoanlik útrikt. Uteinlik folge in 'Ik Begryp It' as slotsin, dêr't ik op oanjûn ha dat ik ek no ek wer hiel wat mear fan myn eigen gemeente snap. En der sil noch kontakt mei my opnommen wurde, 'al wit ik net presys wannear, want dit moat ik útsykje.'

Earme Rink.