By it begryp lulhannes ha ’k eins altyd foaral oan mysels tocht. Mar de lêste tiid kantelet dat byld. Mei twa kear yn in wike tiid tank oan Sander Dekker, de steatssekretaris fan ûnderwiis en oare healwizichheden.
Lit ik it mar net oer syn mediawet hawwe, dat is wat al te maklik. Boppedat is de essinsje fan Dekker syn tinken sawat ôfsketten, al bin ik bang dat dy santjin miljoen gewoan besunige wurdt op de regionale omroppen. No hie ik ferwachte dat de man him yn de wike dat de Earste Keamer syn plannen om hals holp, wol even koest hâlde soe.
Mar nee, de oare deis stie er alwer pontifikaal op de foarpagina fan de krante dy’t ik it leafste lês. De kop boppe it artikel wurke my wer âlderwets op de senuwen: ‘School moet maatwerk bieden’. As ik ergens de jokte fan krij, is it wol fan gjalpen as maatwurk. En eksellint, ek sa’n wurd dêr’t ik fan oan de snelle gean, hielendal as ik de rest lês. Sinnen as ‘Scholen moeten hun uiterste best gaan doen,’ ferkundiget ús toyboy, mei fuort derachteroan: ‘Dat zal even wennen zijn’.
Jawis jong, tink ik dan, skoallen dogge no hielendal neat oan maatwurk, lit stean dat se har bêst dogge. Altyd fakânsje ha dy learkrêften, oanpakke dy hap. Wat dat maatwurk ynhâldt? Bern dy’t goed yn bèta-fakken binne, mar bygelyks hakkenkrukken yn frjemde talen, moatte yn it fuortset ûnderwiis op in heger nivo eksamen dwaan kinne yn de fakken dêr’t se goed yn binne. It foardiel, dêr geane wy wer, is dat se ek de kâns krije moatte om universitêr fierder te studearjen.
En dêr fljocht Sander Sipeltsje fuort alwer út ’e bocht. Want wat de baas fan it ûnderwiis blykber net wit is dat fakken as wiskunde op de universiteit jûn wurde… yn it Ingels! Tsja, dat sil gjin súkses wurde foar dy útblinkers mei slimme taalmankeminten. In oar punt is de útfierberens. Want as it Fuortset Underwiis ta moat op yndividuele diploma’s, sille de skoallen earst swier ynvestearje moatte. Fandêr dat Dekker royaal jild beskikber stelt, want wa’t mear wol, moat mear betelje. Had je gedroomd. It moat blykber foar nul sinten, want op dit punt hâldt ús koekjebakker him opmerklik stil.
In ramp foar it ûnderwiis, dát is dizze dûbeldekker. En yn myn gefal kwa lulferhalen baas boppe baas, want fansels prima is foar myn selsrespekt. Hat de man syn jild dochs noch wurdich west, sille wy mar tinke.