Oer it oanbod fan Frysktalich wurdt hiel wat ôf klage. Dat ik bin yn desimber mar ris op ûndersyk gien yn myn nije habitat, oftewol Drachten.
Boekhannel Van der Velde hat krekt it âlde stee ferlitten om wer op te dûken oan it Raadhuisplein, of better sein yn it siichgat dat it plein ferbynt mei de Kaden. Net in al te noflik plak, mar ienris binnen leit it oars, want it is in prachtige, moderne saak.
It oanbod is grut, je kinne der samar in oere ferspikerje om je te fergapjen oan al it moais. Fryske boeken binne net ferstoppe, mar nimme in fatsoenlik plak yn. It oanbod bestiet fral út non-fiksje. Fansels is Hylke Speerstra syn nijste goed op foarried. Fiksje is der ek wol, mar dat oanbod is beheind ta ien eksimplaar en ek net kompleet. Lykwols, op de earste etaazje, yn de útferkeaphoeke, leit genôch. Hjir lûkt ‘Ynferno’ fan Dan Brown fuort de oandacht. Der lizze op syn minst hûndert fan, de oplage wie blykber de (te) grutte kant neist. Fiif euro mar, gjin jild foar Dan Brown-fans. Ek boeken fan my binne dêr te besetten. Ek foar fiif euro. Wierskynlik ôfkomstich út de boedel fan de Friese Pers Boekerij, dat de foarried ôfstjitten hat fanwege reorganisaasje of besuniging, al binne beide begripen hjoeddeis ynwikselber. Om te bekommen fan alle oankeapen is der ek noch in kofjehoeke dêr’t je even noflik sitte kinne om de oanwinsten troch te blêdzjen. In geweldige saak, Drachten kin der wiis mei wêze.
Foar de ‘âlde meuk’, om Willem Schoorstra mar ris te sitearjen, moatte je nei de Kringloop. It oanbod giet fan Trinus Riemersma fia Margryt Poortstra nei Douwe Kalma. En net te ferjitten de KFFB-útjeften, dy fynst werklik oeral. Kwestje fan ‘beppe ferstoarn, boeken fuort’, want it binne fan dy moaie rychjes, mei de nijste eksimplaren noch yn it plestik om’t de bern der gjin brea mear yn sjogge der noch oan te begjinnen.
Mar ek foar resint wurk is dit in prima plak. Wat te tinken fan ‘Oer de wjuk’, Fryslâns moaiste fûgelpoëzij, gearstald troch Eppie Dam? Of it prachtige, mei cd en etsen optúgde ‘Stofsûgersjongers’ fan Tsead Bruinja, Femke IJlstra en Mirka Farabegoli? Alles foar ‘Doch mar in eurootsje!’ wêrby’t je de minsken achter de toanbank tinken hearre wat dy klant yn ’e goedichheid sjocht yn in boek oer stofsûgers. Lêstneamde bondel stie nammentlik tusken de technykboeken, dat sa bot soe dy fraach my net fernuvere hawwe.
Al mei al gjin klachten oer it oanbod fan Fryske boeken yn Drachten. En dan ha ’k it noch net iens hân oer de prachtige biblioteek, mar dêr kom ik letter noch wolris op werom. Dat ja, de konklúzje is helder: Drachten moatst meimeitsje!