Djipte!

27 september 2013

De kearn fan skriuwer Atte Jongstra wurdt útmakke troch syn honger nei weetsjes. Sneupe yn argiven, dolle yn âlde jiergongen fan kranten, folle net genôch. Yn it lêste boek dat ik fan him lies, ‘De heldeninspecteur’, wiene de resultaten fan dy honger goed nei te kommen. Winliken foarmje weetsjes en syn fokus op de skiednis de basis fan syn ferhalen.

Sa is it ek yn it boekewikegeskink fan dit jier. Ditkear wurdt de reade tried foarme troch syn obsesje foar gatten en dat moatte je yn dit gefal breed sjen. De ferhalen en notysjes rinne fan in gat troch de ynslach fan de bliksem oant ‘gat’ yn de namme Gatsonides ta, wêrby’t it tema der yn it lêstneamde gefal wat forsearre by sleept wurdt. Dat is yn myn eagen ek it swakke stee yn Jongstra syn wurk: de feitsjes dy’t er by elkoar fandelet geane wolris mei him op ’e rin. Yn dit gefal is dat net sa slim. De haadstikken binne koart en as der dan ien wat minder goed slagge is, ljeppe je der as lêzer samar oerhinne.

Al breidzjend fan gat ta gat krije je as lêzer ynsjoch yn de manier wêrop Atte Jongstra syn skriuwersskip foarm krigen hat. It gefaar is dat je op dizze manier opskipe wurde mei it safolste nostalgise boek. Mar it moat sein, de skriuwer mijt dizze falkûle (!) behindich troch hieltyd justjes boppe de nostalgy hingjen te bliuwen en te ûndersykjen wêr’t syn fassinaasjes weikomme en hoe't dat him makket ta de skriuwer dy't er is.

It boekje is kreas fersoarge mei in lúks omkaft en in soad nijsgjirrige plaatsjes. As it om de opmaak giet falt op dat de tekst net rjochts útline is. Dat komt wat rommelich oer, mar it past wol by it springerige fan de ferskillende teksten.

Om’t Jongstra it skreaune Frysk net behearsket is dit in oersetting. In oantal skriuwers hat him hjiroer kritys útlitten. Dat komt wat wûnderlik oer as je betinke dat deselde skriuwers fûleindich yn ’e pleit west hawwe foar it behâld fan in provinsjale oersetterspriis. Ik diel dy krityk dan ek net. It oersetten net in Frysk ta (en ek út it Frysk wei) sil mear en mear in eigen plak ynnimme binnen de Fryske skriuwerij en dêr is dit dan it logise gefolch fan.

Yn dit gefal is de oersetting dien troch Anne Tjerk Popkema. Syn krewearjen wurdt rûnom priizge, wat wol in bytsje frjemd is om’t fierder gjinien bekend is (mei útsûndering fan de skriuwer en dy wie tefreden) mei de oarspronklike tekst. Dêrom behein ik my ta de fêststelling dat ‘Djipte!’ skreaun is yn linich Frysk, wat trouwens net sizze wol dat it boek frij fan flater(ke)s is. Ik tink hjirby oan sinnen as ‘Hy skodde de holle’ en fral ek (trije kear) in konstruksje as ‘Hy hie oare favoriten as my’. Dat soe in oersetter net oerkomme meie, tink ik dan.

Mar dat binne lytse opmerkings yn de marzje. Want al mei al is ‘Djipte!’ fan Atte Jongstra in fijn boekje dat him abslút noflik lêze lit. Ik ha my der alteast prima mei fermakke.