Dinkjestiid

5 februari 2016

Ein jannewaris, begjin febrewaris, it wie de tiid fan Fryske dinkjes.

It begûn mei in temagearkomste fan it Skriuwersboun. Klaas Sietse Spoelstra wie útnûge yn syn funksje as foarsitter fan Dingtiid. Wat is dat no wer? Wel, Dingtiid is it advysorgaan foar de Fryske taal, sa’t op harren webside te lêzen falt. Men hat ek nochris in prachtich logo en dêrby in entûsjaste foarsitter: folle net genôch. Spitigernôch wiene it al rillegau de wenstige ûnderwerpen dy’t skriuwend Fryslân graach oereidzje mei: de SNS (Sutelaksje Nije Styl), iepenloftspullen dêr’t miskien in kreas útfierd tekstboekje wûnders dwaan kin en noch wat fan dy ideeën. Nee, ik ha myn boekebonneplan net nei foaren brocht, ik fûn it sa wol moai genôch.

Nijsgjirriger wie de stân fan saken om it Frysk hinne. Dingtiid is oprjochte om û.o. gemeenten advys te jaan om de taal yn it belied te ankerjen, fandêr. Hoe stiet it dêrmei? Net al te bêst, sa waard dúdlik, en dat wylst, sa’t Spoelstra opmurk, ‘wy’ dúdlike ôfspraken makke hawwe op dit punt. Dêrmei lei er de finger fuortdaalks op it seare plak. De gemeenten hawwe nammentlik hielendal gjin ‘wy-hawwe-dit-ôfpraat-dus-moatte-wy-wat-dwaan’-gefoel, men hat wol oare dinkjes oan ’e seare holle. Sels in gemeente as De Fryske Marren komt op taalmêd neat fan ’e grûn en dat wylst de FNP dêr foar master opslacht.

Koartsein komt it derop del dat wetlike ôfspraken oer it Frysk net folle úthelje om’t it ús hjir yn Fryslân gjin donder skele kin. Fandêr dat ik in wike letter fol goede moed nei it Provinsjehûs gie om dêr mei te praten oer de nije Kultuernota. Jawis, in ynspraakjûn mei, sa die bliken, in oantal stellingen dêr’t wy mei de snoadfoan op stimme koene om dêrnei de diskusje oan te gean. Ik hie my foarnommen wat oer de Fryske literatuer yn te bringen, mar myn stim, of better sein, it ûntbrekken dêrfan, soarge derfoar dat ik my koest hâlde moast. De stellingen fûn ik trouwens net altyd om oer nei hûs te skriuwen. Wat te tinken fan dizze: subsydzje foar ynstellingen of losse inisjativen fan ûnderen op? Sûnt wannear slút it iene it oare út, tink ik dan. Gelokkich waard dat ek ynbrocht yn de diskusje nei dit punt.

Yn it skoft waard ik oansprutsen troch in pear entûsjaste Einum-lêzers, dy’t sels in plattegrûn fan Einum tekene hiene. Alwer spitich dat ik myn stim kwyt wie, o sa frustrearjend is soks.

Nei it skoft giene wy fleurich fierder. Om tsien oere wie it dien, my achterlittend mei de fraach hoe’t de Provinsje fan al dy stânpunten sûkelade meitsje kin. Noch sa'n gedachte ûnderweis nei de parkeargaraazje: soe it sûnder sokke jûnen in hiel oare nota wurde? Wy wachtsje it mar ôf. Ien ding hoopje ik al: doch asjebleaft in pear dingen goed yn stee fan in soad dinkjes heal.