Deade skriuwers

8 mei 2015

Elke skriuwer krijt it wolris te hearren, sa fan, hast in boek skreaun en dêrmei wat ôflevere dat oer dyn grêf hinne fan belang bliuwt oant yn alle ivichheden, amen. By my foel dy opmerking by de presintaasje fan De ljedder yn it Lânboumuseum te Feankleaster. As reaksje lake ik der mar wat om, want noait by stilstien. De ivichheid is ommers de lange kant neist en ik nim net oan dat ik der noch pineholle fan hawwe sil oft myn boeken yn de takomst lêzen wurde sille of krekt net.

Wol nijsgjirrich is de fraach wat de reden is dat de iene skriuwer min ofte mear populêr bliuwt en de oare minder of hielendal net. Nim no Simon Vestdijk. Goede skriuwer, mar der is amper mear belangstelling foar syn wurk. Unterjochte, mar sa lizze de feiten. En mei him jildt dat foar de measten. Logys fansels, der binne safolle nije auteurs mei nijsgjirrich wurk oer de eigen tiid, dus dy krije yn ’e regel foarrang. En dêr is ek niks mis mei.

Dochs ha je oan de oare kant fan dy oerlibbers as W.F. Hermans. Dy is net stikken te krijen. Foar in part komt dat fan it omtinken foar de biografy fan Otterspeer, mar ek de lêzer wit Hermans better te finen as bygelyks Mulisch. Sa frege de okkerdeis ferstoarne boekhanneler Auke Huistra my in pear jier ferlyn foar him út te sjen nei boeken fan dyselde W.F. Hermans. Dy wiene op in bepaald stuit twaddehâns net oan te slepen, mei troch it omtinken foar dizze skriuwer yn Dútslân, wêr’t er samar trochbruts en dat jierren nei syn dea.

Ek yn Fryslân binne der oerlibbers, skriuwers dy’t op de ien of oare manier dochs (wer) omtinken hâlde of krije, de dodo’s fan de Fryske literatuer. Sa wurdt De smearlappen fan Anne Wadman meikoarten ferfilme. Dat sil er sels net ferwachte hawwe, nim ik oan. In soad lêzers hawwe Rink van der Velde noch altyd heech sitten en ek binne der auteurs fan lang ferlyn dy’t promoasjelisten foar it bûtenlân helje. Dus ek hjir binne se wol te finen, skriuwers dy’t oer it grêf hinne oansprekke.

Bliuwt de fraach wat de iene skriuwer oantreklik makket, ek op de langere termyn. Moat it socht wurde by it ûnderwerp? Of mear yn de styl? Ik soe it werklik net witte. Yn alle gefallen moat it wurk in tiidleaze kant hawwe, it beskreaune moat werkenber wêze. Tink ik. Ferline wike hie’k der noch in diskusje oer mei in ekspert, dit nei oanlieding fan de jiergearkomste fan it Skriuwersboun. Mar ek dy kaam der net út, dat ik bin de iennichste net. Ien ding kin ik der lykwols al oer sizze: ik ha leaver dat jim myn boeken nó lêze as oer fyftich jier!