De triennen fan Cheetah

10 april 2015

Je hawwe fan dy keunstners dy’t har byldzjend wurk net hoege te sinjearen. De styl is genôch om te witten wa’t de makker is. Signed all over sizze de gelearden dan. Anne Feddema is sa’n skilder, mar ek syn produksje as skriuwer pikst der sa út. Foar syn bondel Reidhintsje op de Styx krige er yn 2009 de Gysbert Japicxpriis takend. Yn 2014 ferskynde fan him De triennen fan Cheetah, in bondel mei ferhalen dy’t yn de perioade 2006-2014 foar it meastepart earder publisearre binne yn Ensafh.

Wa’t bekend is mei it dichtwurk fan Feddema, sil yn dit proaza in soad oerienkomsten fine. De ferhalen lykje yn earste ynstânsje frijwat assosjatyf ta stân kommen te wêzen. Tragyk en humor binne noait fier út ’e buert, de linen springe muoiteleas fan it iene uterste nei it oare. Yn in ferhaal as Fremd bin ich eingezogen wol Klaas Jan Hofman, in learaar Dúts fan om ’e fyftich hinne, yn Berlyn blommen lizze op it grêf fan romantys skriuwer en hast-nammegenoat E.T.A. Hoffmann. Ienris by it hôf oankommen blykt dêr krekt in ôflevering fan Tatort draaid te wurden. By einsluten wurdt him frege it lyk te spyljen wêrnei’t er weiwurdt yn in dream dy’t alle kanten op fljocht.

It aparte is dat je as lêzer samar wend binne oan de bokkesprongen dy’t de skriuwer makket. Dat jildt dan benammen foar de sterkere ferhalen, en dat binne wat my oanbelanget de teksten mei de grutste sprongen.

It tilt yn dizze bondel fan sokke absurdistise ferhalen. Faak spyljend yn Ruslân of Dútslân wurde alderhanne ynstekken linich oan elkoar knope. De personaazjes yn dit fermaaklike boek besykje tusken al dy betiizjende ynfallen fan de skriuwer wakker in hâld te finen, mar steefêst gripe se krekt mis: de triennen fan Anne Feddema, ferpakt yn in absurdistys wikkeltsje.

It formaat fan it boek wykt ek wat ôf, want dat is moai lyts. Handich om mei te nimmen, der is altyd wol in bûse dêr’t it yn past. Al kin it kwa gebrûksgemak net rjocht op by in e-boek: altyd baas boppe baas, netwier? Wat dat oanbelanget bliuw ik opmerken dat, al binne de omsetten noch sa leech, elk Frysk boek gewoan yn digitale foarm beskikber heart te wêzen. Want de omset yn e-boeken groeit gewoan troch. Hjoed makke it Centraal Boekhuis bekend dat fan alle ferkochte boeken no 5,2% digitaal is, tsjin 4% in jier ferlyn. Oanheakje dus!

Underwilens is De triennen fan Cheetah in fijn boek foar wa’t ris wat oars wol, want ik soe net witte mei wat of wa dizze bondel te fergelykjen is. De nominaasje foar de Gysbert 2015 seit wat dat oanbelanget genôch, tinkt my!