As skriuwer telst pas mei ast ek ris in priis ynlevere hast. Allinnich, ík ha dat noch noait dien. Oant ferline wike. Doe ha ’k nei der jierrenlang op omstind te hawwen, de priis yn de fytstas treaun en fuortbrocht. Gjin sinekuere, want it gewicht fan it ding liicht der net om. Dus mei de bealch nei links oerhingjend om de kilo’s yn de rjochter fytstas te kompensearen sylde ik troch Drachten rjochting sintrum.
Fansels is der in reden om soks te dwaan. Doe’t ik dizze priis yn 2003 takend krige foar De Ljedder, wie de Rink van der Veldepriis noch net earder útrikt. Nagelnij dus. En dat wie even wenne, hielendal foar my omdat ik noch yn de faze siet dat ik betwifele oft ik nei ien boek überhaupt skriuwer wie of net. Mar ek foar de gemeente Smellingerlân wie de Rink in nij fenomeen oan it firmamint. En dêr kaam ik achter doe’t ik thúskaam en it byld dat by de priis heart ris goed beseach.
Even in sikje skiednis. Alle kearen as de Rink útrikt wurdt, kriget de winner der in byld fan Anne Woudwijk by. Dat makket dizze priis dan ek unyk, want wa wol dat no net? De gemeente wie by him útkommen op advys fan Thom Mercuur mei de fraach oft Anne in fêst ûntwerp meitsje woe. It kaam oars: Anne Woudwijk woe dat wol, mar allinnich as er alle kearen wer in nij ûntwerp meitsje mocht. Dus sa komt it dat elke winner in oar byld kriget mei in ûnderwerp dat yn ’e geast fan Rink van der Velde, in echte fjildman, bepaald is.
Goed, ik kaam thús mei in byld dat oan de iene kant bestiet út swimmende ieltsjes. Op de oare kant hingje se oan in pin, rikke en al, mei dêrûnder in swarte rjochthoeke. Earst tocht ik dat it in bak foar it fet wie, oant it ynsjoch trochbruts dat dêr myn namme stean moast. Mar dat hie de earme amtner fan tsjinst fergetten. Sa’t er ek fergetten hie it sertifikaat dat by de priis heart, ûndertekenje te litten. Fûn ik dat slim? Hielendal net. Sûnder myn namme is sa’n byld in stik moaier. Fyn ik teminsten. Al stie dy rare rjochthoeke wol wat nuver fansels.
No wenje ik sûnt in pear jier yn Drachten, dus kom ik Anne Woudwijk geregeld tsjin en meitsje wy in praatsje oer fan alles en noch wat. In pear wike ferlyn lei ik him de situaasje út mei de fraach oft er fan dy rjochthoeke net wat oars meitsje woe. Dat kaam hielendal klear. No ha ’k it byld wer ophelle, Anne hat fan de rjochthoeke in kôkpot hakke. Dus sa bin ik no foar de twadde kear bliid mei de Rink!