Yn ’e regel reagear ik net op opinystikken, mar troch in column fan Friduwyh Riemersma op Fers2 frege ik my ôf oft it net tiid wurdt foar it ynstellen fan in ûndergrins op in blêd dat pretindeart kwaliteit te leverjen.
Wat is it gefal? Riemersma hat wat ynstjoerd foar de Rely fan dit jier, mar in priis siet der net yn. En dat jokke blykber sadanich dat der in kroadfol krityk oer de gong fan saken by Stifting FLMD leechkipere wurde moast. En fansels, dat mei, mar kom dan wol mei in trochtocht opinystik, en it leafst wat earder, al wie it mar om de skyn fan it net tsjin ferlies kinnen te mijen. Lit my ris in pear punten út dy column (sels neamt Riemersma it in ‘oanklacht-essee’) tsjin it ljocht hâlde.
As earste beweart hja dat fan de ynstjoeringen, dy’t yn Word oanlevere wurde moatte, anonimiteit net garandeard is, mei dêrûnder (sjoen de ‘trochstutsen kaart’ yn de ûnderkop boppe har skriuwen) de fertinking fan freontsjepolityk. Neffens har hoege je mar op <bestand> en <eigenschappen> te klikken om te witten wa’t de auteur is. En it is wier, dat soe kinne. Mar sa giet it hielendal net. Want krekt om dit foar te kommen wurde alle ynstjoeringen yn itselde lettertype set (fandêr dat in Word-bestân oanlevere wurde moat), om dêrnei as útprinte pakketsje nei de trije sjueryleden stjoerd te wurden. Hoe’t ik dat wit? Gewoan opfrege, wat Riemersma fansels ek dwaan kind hie. Mar blykber giet fertochtmakking boppe feiten, wêrmei’t hja ien op ien oanslút by wat yn populistise fermiddens as it nije normaal sjoen wurdt.
Ferfolgens sjocht Riemersma in ferbân tusken it troch stifting FLMD tastjoerd krijen fan ynformaasje oer it kursusoanbod by Tresoar en in tuskenhifking foar de útslach op, sa fan: earst op kursus en stjoer dan mar wer ris wat yn. Ek hjir is de werklikheid in stik minder spannend: dat tastjoeren is dien op fersyk fan Tresoar, dat yn de dielnimmers oan de Rely in diel fan de doelgroep seach dêr’t eventueel belangstelling wêze kin foar datselde kursusoanbod. As reaksje hat Stifting FLMD álle ynstjoerders dat oanbod trochdien. Ek hjir: even ynformeare, al is it mar om in twadde ûnterjochte fertochtmakking foar te wêzen.
Dan folget der in wiidweidich ferhaal oer it troch Riemersma ferûnderstelde ûntbrekken fan kritearia dêr’t de ynstjoeringen neffens beoardiele wurde, mei as gefolch dat ‘lju’ winne kinne ‘dy’t mei in artistyk-fakkundich en ûnpartidich sjurearproses nea winne koene’. Sa, dy kinne Elmar Kuiper en konsorten mar wer yn ’e bûse stekke. Nee, Riemersma stiet in strakke opset foar, mei in stalinistys reglemint dat stiif stiet fan de kritearia om sa de romte fan de sjuery yn te perken en te kommen ta in útslach dy’t objektiver ta stân komt, lês: net ôfhinget fan in eventuele willekeur fan sjueryleden.
No freegje ik my ôf oft sokke ‘objektive’ kritearia wol besteane. Fansels, in bytsje sjuery formuleart der yn ’t foar in pear: opbou, orizjininaliteit, styl, allegear algemiene oandachtspunten. Mar foar de rest giet it der dochs foaral om dat in ynstjoering wat teweibringt, faak sûnder der no krekt in finger op lizze te kinnen. Dat klinkt wat faach, ik wit it, mar literatuer fange yn regeltsjes sil noait slagje, sa’t ek de Stichting dy't de Libris útrikt wit en har sjueryleden it folgjende mei jout: ‘Er bestaan geen objectieve criteria om de kwaliteit van een roman te bepalen. Veel succes!'
Koartsein: as literatuer allinnich ta stân komme kin yn frijheid, kin dyselde literatuer ek allinnich yn frijheid beoardiele wurde. Ik tink dan ek dat mei de troch Riemersma foarstelde yngrepen krekt it tsjinoerstelde berikt wurdt fan wat hja wol: literatuer as ienheidswoarst mei alle jierren weroan itselde type winner. As dat ús foarlân is, hat de Rely ús, sa’t Riemersma suggestyf kopt, yndied by de poat.