Hjoed yn ’e Ljouwerter in artikel oer Anneke Douma en har argewaasje as it om Omrop Fryslân giet. Neffens har hinget de Frysktalige muzyk der de lêste tiid mar wat by, krityk dêr’t de haadredakteur fan it spul him dan net yn werkent, in pingpongspultsje sa’t wy dat wol faker sjogge. Kompleet fan dizze tiid dus, alhielendal omdat Anneke, foar wa’t ik trouwens ferskeidene teksten skreaun haw en dy’t ik bewûnderje om wat se is en docht, har aksje benammen op de sosjale media útset hat.
Dochs bin ik it net fuortdaalks mei har iens. Mei befleine minsken as Gurbe Douwstra en Willem de Vries hat de Fryske artyst yn alle gefallen noch in fêste basis by de Omrop, en dat is hiel wat mear as sein wurde kin fan it omtinken foar de Frysktalige literatuer. Dy stiet nammentlik, hielendal as it om de ynhâld giet, sawat op nul. Om mear as ien reden fyn ik dat nuver.
Sa ûntlient Omrop Fryslân har besteansrjocht foar in grut part oan de Fryske taal. Doe’t troch besunigingen de takomst faai stie, wist de lieding it Provinsjehûs dan ek samar te finen. Omdat dêr as it om de Fryske taal giet wol wat subsydzje los te prutsen is. En dy sinten kamen der dus flot, alles yn it ramt fan de provinsjale taalpolityk.
Soks skept ferplichtingen nei de Fryske taal ta, soest tinke. En dan kom ík mei myn domme kop samar út by de Fryske literatuer, it wichtichste anker dat de taal op dit stuit noch hat. Mei der dan net wat mear ferwachte wurde as in fage boekeklup dêr’t ik al earder oer skreau? Fierder tink ik dat in regionale omrop der foaral is om sjen te litten wat der yn dyselde regio foarfalt, ek op kultureel mêd yn de breedste sin fan it wurd. Om mar ris wat geks te neamen: it ferskinen fan in nij boek, mear as de muoite wurdich om it oer te hawwen yn in fêst literatuerhoekje fan Fryslân Hjoed.
Mar sa wurket it net altyd by de Omrop, of miskien moat ik sizze: net mear. Want it hat oars west, lang lyn. Ik haw it dan oer de tiid fan ‘De Koperen Tún’ en oare kulturele programma’s, mei redaksjes dy’t fan hoed en râne wisten. Of in mear resint foarbyld: de meiwurking oan de ferhalewedstryd fan it Skriuwersboun, Cedin en it Friesch Dagblad, in gearwurking dy’t spitigernôch alwer hastich opsein is: ‘It past net yn ús nije programmearring’.
No haw ik mei genôch Omropmeiwurkers praat om te witten dat it allegearre net sa simpel is. Oan belutsenens en entûsjasme by yndividuele meiwurkers leit it dan ek net. Likegoed soe it moai wêze as de fokus redaksjoneel sjoen op yn dit gefal de Fryske literatuer krekt wat skerper wêze soe as no it gefal is. En wier, dat is mooglik, ek yn tiden fan besunigjen. Dus as ik wer ris in nij boek haw, wurd ik graach útnûge om der wat oer te fertellen. En dan bin ik wier net te beroerd om Anneke Douma mei te nimmen om der in ferske by te sjongen.