Hasto dan yn Litouwen west, frege ien my nei oanlieding fan in berjochtsje fan myn kant op Facebook oer myn fjirde roman ‘Under wetter’. In eksimplaar fan dat boek is (mei tank oan Tresoar oftewol Teake Oppewal) heechstpersoanlik ôflevere by de universiteitsbiblioteek fan Kaunas, dit fanwege de konneksje fan dat boek mei Litouwen.
Dat sit sa: yn 2007 waard ik útnoege mei te dwaan oan in literêr festival (European Literary Days) yn Siauliai om dêr de Fryske skriuwerij te fertsjintwurdigjen. Dat moast fansels altyd wêze. Ik hie noch noait flein, dus dit wie in moaie kâns de boel ris fan boppen oer te eagjen. Tegearre mei ús Femke (se hie der krekt in staazje yn Litouwen op sitten) sette ik ôf. Earst in heale dei kwyt oan de reis nei Skiphol om dêrnei op te stigen en fiif minuten letter wer oer Kollumersweach te fleanen, want de rûte leit no ienris boppe Noard-Nederlân.
Yn Vilnius, de haadstêd, kamen wy (oare skriuwers wiene û.o.Mark Boog, Matthijs van Boxsel en de Flaamse skriuwster Anne Provoost) yn ’e kunde mei in stik as wat Litouse skriuwers en oare pommeranten, dy’t per bus mei ús mei reizgen. Wy stoppen by in somber útsjend gebou, oftewol it hotel. Mienden wy. Dat wie ek sa, mar wy moasten sitte bliuwe, allinnich de Litouse skriuwers stapten út. Wy waarden ûnderbrocht yn in lúkser gefaltsje, ferskil moast der wêze. Wol wat lullich, mar sa wie it regele yn ferbân mei de kosten, sei Markus Roduner, de organisator fan it festival. Markus hat trouwens letter yn Ljouwert in lêzing holden om de Litouse literatuer te promoten, mar dit even tusken heakjes.
De oare deis reizgen wy yn in buske oer in farsk troch Europa betelle snelwei nei it noarden. Yn Sialiau waarden ditkear alle skriuwers yn itselde hotel ûnderbrocht. It literêre festival naam meardere dagen yn beslach. Yn in ûnbidich grutte sovjetseal (mei as publyk in 50 besikers) wie der earst in forum. Dêrnei lies ik foar út ‘It liet fan de ibis’. Yn it Frysk. Neist my siet in baas frommes, dat de Litouse oersetting foar har rekkening naam.
Tuskentroch moai wat kontakten opdien en in pear ekskurzjes makke, û.o. nei de yndrukwekkende ‘Hill of Crosses’. Yn it selsskip wie in in professor dy’t as talewûnder bekend stie. Somtiden hie er wol in dei wurk om in taal te learen, waard ús fan meardere kanten befêstige. De Nederlânse ambassadrise wie der ek, in aardige en o sa belangstellende frou, dy’t ik mar in eksimplaar fan ‘De ladder’ meijûn ha: netwurkje is alles.
Nei in pear dagen fleagen wy werom. Underweis, ergens boppe Denemarken, betocht ik de Litouse konneksje foar myn roman ‘Under wetter’ dy’t ik, ienris thús, fuortdaalks útwurke ha, in roman dy’t no ergens yn in kast op de universiteit fan Kaunas leit om ienris – wa wit – oppikt te wurden troch in studint dy’t de literêre konneksje tusken Fryslân en Litouwen bestudearret. Of sokssawat.
Ik ha der yn alle gefallen in prachtige reis oan oerholden!