Wat moatte je as boekesaak mei in berneboek as Heech Tymo, sjoch omheech? Of spesifiker: wêr moatte je it dellizze? Normaal sprutsen soe dat gjin fraach wêze moatte. Alle dagen wurdt der ommers nij lêsfoer yn ’e skappen lein, alles kreas op alfabet en sjenre. Dus wat soe der mis wêze kinne mei Tymo? Wel, dat is ûnderwilens helder, sa hearde ik fia fia. Tymo is nammentlik net samar in boek, mar in berneboek mei IN BLEATE FROU.
Yn in moai essee frege Wilma de Rek har okkerdeis ôf hoe’t it eins sit mei skamte yn it jier 2018. Of mei de skamteleazens. Want wy krije hiel wat foar de kiezzen. Bist yn it lêste stadium fan hokker kwaal ek? Yn byld mei dy hannel, it leafst sa sjenant mooglik. Oant de lêste sekonde ta as it heal kin. Stjerporno, guon binne der sljocht op. Sels in blêd as de Volkskrant docht deroan mei sûnt rjochter Chris Oostdam ferslach dwaan mei fan har libben as terminaal pasjint. En wat te tinken fan deminte bejaarden dy’t foar de draaiende kamera yn bad geane mei Adelheid Roosen? Of dy ferskrikking fan in Hugo Borst mei syn reportaazjes út it ferpleechhûs? Ha dy pasjinten trouwens allegear tastimming jûn om yn al har ôftakeling eksposeard te wurden foar in publyk fan miljoenen?
Skamteleazens by de rûs dus, mar wêr komt dy wei? Neffens Frank Koerselman is it foaral in rop om oandacht. En it moaie is: je hoege der neat foar te kinnen. Sterker noch: it is in pree as je neat kinne of doare. Sa kinne je je hichtefrees yn ’e etalaazje sette. Of je ûnfermogen om in partner te finen, folle net genôch.
Dochs is der ien útsûndering: it taboe op ‘bleat’ is hielendal werom. Wêr’t wy nei in folleybalwedstriid mei-elkoar ûnder de dûs giene, dêr sjochst no jongerein dy’t in swimbroek oandocht. It is in nije foarm fan fizens dy’t út Amearika oerwaaien kaam, in lân dat tagelyk, mar dit tusken ús, de grutste produsint fan porno is, in kekenens (moai wurd, sykje mar op) dy’t dus no ek in Frysk berneboek berikt hat.
Dêrom mar even in tip foar hannelers dy’t it net oandoare it boek by de berneboeken del te lizzen. Of foar âlden dy’t de oanblik fan in bleat izeren frommes net ferneare kinne en har bern leaver wat ‘ûnskuldichs’ jouwe. Oait liet in Turkse diplomaat Gustave Courbet in skilderij meitsje dat sa pikant wie dat it allinnich ophongen wurde koe mei in kleedsje derfoar. In elegante oplossing foar in berneboek, tinkt my. Underwilens bin ik allinnich mar blider dat it boek derút sjocht sa’t it derút sjocht. Bern sille der wier gjin skea fan oprinne, dy binne wol wat wend. Oft dat ek foar de generaasjes boppe har jildt doar ik myn hân net yn it fjoer te stekken. Dat allinnich al is blykber hielendal 2018.