Mei nasjonalisme is it krekt as mei fitergers: watst ek dochst, altyd wer stekt it de kop op. Fral yn tiden fan ûnwissens is it bingo, der is net op te spuitsjen tsjin de gedachte dat je better ôf binne mei de kop yn de eigen nawle. Ditkear giene de Skotten los op de fraach oft se selsstannich fierder kinne of dat se dochs binnen de uny mei Londen bliuwe moatte. De foars en tsjins stoden je om de earen en oeral wie wat foar te sizzen of tsjinyn te bringen. Wêr’t by de foarstanners in selsstannich Skotlân sawat gelyk stie oan it paradys (‘Happy Clappy’ neame se sok optimistys praat yn de Skotse parse), dêr wie it by de tsjinstanners hel en ferdommenis.
Fral nijsgjirrich wiene de sjenswizen as it om de ekonomise kant fan it ferhaal gie. Want dat is fansels wêr’t it by eintsjebeslút om draait. Je kinne wol selsstannich wêze wolle, de broek moat net ôfsakje. Wat hat in lân as Skotlân ekonomys te bieden? Of Fryslân, om mar ris in oare ôfslach te nimmen, want ek hjir wiene guon wakker ynteressearre yn de ôfrin, fanwege eigen wiete dreamen op dit punt.
Lit my earst de Skotse trije ris bydel dûnsje. As earste binne dêr de grûnstoffen, mar de oalje yn de Noardsee rekket op, dat ik wit net hoe lang Aberdeen noch ‘oil-capital’ wêze sil. De twadde, skipsbou, is ferlern gien oan Azië en de tredde, whisky, wurdt tsjintwurdich oeral makke, oant yn Japan ta. Ta oermaat fan ramp beskikt Skotlân ek nochris oer in ekstra bongel oan ’e poat: in út syn foegen woeksen bankesektor. Wa draait op foar de ferliezen as dy oer de kop giet? En sil Europa de Skotten talitte ta de EU, of mei men oanslute yn it rychje achter Turkije en Albanië?
Lykas sein, ek yn Fryslân meie guon ek graach wat filosofearje oer selsstannigens. Der hoecht mar in gouden mantelspjelde fûn te wurden, of der wurdt al mei weemoed mimere oer de grutmacht dy’t Fryslân ienris wie en faaks wer wurde kin (Magna Frisia!), kompleet mei eigen bestjoer en de winsk om West-Fryslân en Grins te anneksearjen. Mar ek hjir bestiet soks as in ekonomise werklikheid. En spitich, krekt as Skotlân hat Fryslân op dat mêd it measte net by te setten. Goed, wy kinne as grûnstof wize op de potinsje fan kowestront. En Beerenburch is ek in prima slokje. Mar dêr kin de kachel net fan brâne. Of, om it justjes pynliker te formulearjen: Fryslân wurdt oereinholden mei jild út de Rânestêd en Brabân, want dêr wurdt it fertsjinne. Trouwens, wa’t mient dat Den Haach ferselsstanniging of federalisearring fan de provinsjes tastean sil sûnder de rekken derby te leverjen, is wol in bytsje de naïve kant neist. Dus earst mar ris oan it rekkenjen, en dan ha ‘k it noch net iens oer it potinsjeel oan betûfte bestjoerders, want dat hâldt ek net oer, bin ’k bang. Mei in ferhaal dat net fierder giet as wize op in fage eigen identiteit kin steil Fryslân in referindum hjiroer ynearsten op de bierbúk skriuwe.
Underwilens mocht Skotlân juster nei de stimbus. Dat it nee-kamp wûn, fernuvere my neat. Dy Skotten steane krekt as wy ommers by it minste sigentsje yn ’e ekonomys bleate kont. Nee, nasjonalisme is de dea yn ’e pot, in út elkoar donderjend Europa is wol it lêste dêr’t wy op sitte te wachtsjen. Of moat it earst wer ris, sa’t ús pake altyd sei, oarloch wurde foar’t wy begripe dat wy it yn de ienheid sykje moatte om sterker te stean yn in hieltyd fierder ûntspoarjende wrâld?