Alwer in griis

Gysbert
20 februari 2021

Alwer krityk, moat dat no écht? De Gysbert foar 2022 is amper út ’e startblokken, of dêr steane de roptoeters alwer oan ’e sydline te balten, fjouwer âld-winners noch wol. Mei in iepen brief yn ’e krante. Hâldt dat gejammer dan noait op, of komt wiisheid écht net mei de jierren? En dan ek altyd wer deselde krityk, is it net op de gong fan saken by de útrikking, dan wol, lykas no,  kankerje op de gearstalling fan de sjuery, omdat der te min ekspertize yn te bespeuren wêze soe. Ik kin my samar yntinke dat in soad literatuerleafhawwers sa tochten doe’t dy brief oer de seleksje fan de sjuery oan de Provinsje útbrocht waard.

Mocht it sa wêze dat soks dyn earste gedachte wie, ha ’k dochs in fraach. Hoe soest it fine wannear’t by The Voice njonken Ali B, Anouk en Waylon ynienen Peter R. de Vries op ’e draaistoel sit te oarearen oer de muzikale kwaliteiten fan de dielnimmers? Of dat op de hynstekeuring yn it FEC Gerard Joling de punten sit te ferdielen? Of dat Barry Hay as karmaster optreedt by it prinses Christina Concours foar klassike muzyk? Soest dat in goeie ûntjouwing fine? Nee dochs? Wêrom soe it dan by de wichtichste literêre priis fan Fryslân normaal wêze moatte wannear’t yn de sjuery dy’t moderne poëzy beoardielje moat, gjin sjuerylid te bespeuren falt mei op in op dy opdracht tasnien literêr profyl? Of hast de Fryske literatuer sa leech sitten dat it gjin sek mear útmakket wa’t der foar sa’n sjuery frege wurde?

No ha ’k de Gysbert al takend krigen, itselde jildt foar Eppie Dam, Abe de Vries en Aggie van der Meer. De boel de boel litte leit dan algau foar de hân. Dat Abe him likegoed drok makke oer dizze gong fan saken en oare laureaten frege oft dy der ek sa oer tochten, is ynjûn troch wat wy diele: de leafde foar ús Fryske literatuer. Dat dyselde literatuer ûnder druk stiet, is algemien bekend. Krekt dêrom is it fan belang dat de pear ankers dy’t wy noch hawwe, sa goed mooglik yntakt bliuwe. En ja, dan komme je algau út by de Gysbert Japicxpriis, sa wie it, sa is it en sa sil it bliuwe.

Hoe’t it kin dat der in sjuery foardroegen wurdt mei sa’n leech aktueel literêr profyl op it mêd fan moderne poëzy wit ik net. Wat ik wól wit is dat dizze foardracht mei de bêste yntinsjes ta stân kommen is, sa’t ik ek gjin tel twifelje oan de belutsenens by de Provinsje Fryslân. Sels twifelje ik net oan de oprjochtens fan de trije sjueryleden, dy’t te goeder bêst tasein hawwe dit op har te nimmen. Deputearre Sietske Poepjes hat dan ek al sein dat se hûndert prosint achter dizze sjuery stiet. En terjochte, de kar is makke, dus gean der mar foar.

Dochs moat der nei dizze loop in toskje by, om foar te kommen dat wy yn 2024 nóch fierder achterút buorkje. Dêrom binne wy ek bliid dat deputearre Poepjes fuortdaalks tasein hat om mei ús yn petear te gean. Op ’e radio ha ’k al oanjûn dat ik derop fertrou dat it goed komme sil, al wie it mar omdat wy ús in safolste griis yn ’e takomst domwei net mear feroarloovje kinne.