En de winner is...

15 april 2016

It stiet ús allegear noch helder by: Epke Zonderland dy’t op magistrale wize Olympys turngoud wûn. Hy wie de bêste en wa wit, is er dat straks wer. Teminsten as er meidwaan kin. Want der wurdt wurke oan in regel dy’t winners fan it goud ferbiedt de folgjende kear wer mei te dwaan. De reden? Sa krije oaren ek de kâns om ris te winnen.

No soest tinke kinne dat soks te gek foar wurden is. En dat is it ek. Yn de sportwrâld teminsten. Mar yn de literêre wrâld is soks hartstikke normaal. It wie ek ien fan de earste dingen dy’t ik te hearren krige nei de takenning fan de Gysbert, ferline jier oktober yn Boalsert. ‘Kinst him de folgjende kear net wer winne, want dat ferbiedt it reglemint,’ waard my op it hert drukt. Op dat stuit makke dat my gjin soademiter út, mar doe’t ik der letter ris oer neitocht fûn ik dat dochs wol wat apart.

Fandêr dat ik in pear literêre kompetysjes mar ris neirûn ha. Sels siet ik de lêste loop yn de sjuery fan de Ferhalewedstriid fan it Skriuwersboun. It reglemint seit neat oer restriksjes foar in dielnimmer: it stiet elkenien frij om mei te dwaan. In prima útgongspunt, liket my. By de Rely Jorritsmapriis giet it neist ferhalen ek om gedichten. Ek dêr gjin beheining te bekennen. Noch net, teminsten. Want men wol it reglemint oanpasse (trije kear meist winne en dan finito) om foar te kommen dat hieltyd deselde winners op it tsjerkebankje fan Bears de kont ferknoffelje meie. Kinst by de Rely noch in strippekaart foar trije kear krije, der is altyd baas boppe baas en dat is de Rink van der Veldepriis. Ien kear winne betsjut noait wer meitingje.

Ik freegje my ôf wêr’t al dy restriksjes goed foar binne. Eins sjoch ik allinnich mar neidielen, hoe sympatyk oft it allegear ek bedoeld is. Want wat is it nut fan kompetysjes as sterke dielnimmers stelselmjittich bûten de doar holden wurde? Neffens my sakket it nivo allinnich mar, wat ek opgiet foar it tal mooglike nominaasjes. En dat wylst it oantal skriuwers dochs al ferrekte lyts is. Ja mar, hear ik dan sizzen, sa kinne oaren ek ris in priis winne en dat stimulearret sa’nien dochs? Dat soe kinne, mar je binne dan wol winner yn in oanboazjend fjild fan earmoed. Wêr moat sa'nien him of har dan oan oplûke? Sels haw ik, foarsafier’t it my heucht, fjouwer kear oan de Rely meidien, dus twa kear neat wûn. Hie ’k yn dy twa gefallen mar in better ferhaal skriuwe moatten, sa simpel is it. Want dêr sit de útdaging. Wylst it straks in kwestje driget te wurden fan de lange adem: wachtsje oant de sterkste skriuwers bûten de reglemintêre boat falle.

Myn konklúzje is dan ek helder: fuort mei datsoarte gegriem. By in priis heart it bêste boek, it bêste ferhaal of it bêste gedicht bekroand te wurden, foar minder kin it net. Krekt as yn de sport, dêr’t it in pree is as de wedstriid sa sterk mooglik beset is. Fandêr dat Epke fûleindich troch traint. En no mar hoopje dat er wint!