De mieningist

24 april 2015

Om’t Friezen no ienris ôfstamme fan hottefilers dy’t fan de eigen terp ôf oaren de kop yn mepten mei kneppels fan drûge kowestront, is it net frjemd dat der út en troch in nije leat oan de stamme ûntsprút. Fansels ha ’k it oer it Mienisme fan Meindert Reitsma. Dy wol in frisse wyn waaie litte troch de mûzenêsten fan de Fryske skriuwerij: positiver, minder rabberij en op-de-man-spilerij, dat wurk. Fryslân soe Fryslân net wêze as der net fuortdaalks in tsjinbeweging ûntstean soe, nammentlik it Mieningisme (in streaming beneame is sa dreech net) fan Cornelis van der Wal dy’t mannen as Meindert al delsette as EO’ers mei AOW, lju dy’t braaf dwaan wolle wat ‘de autoriteiten’ sizze.

Oant no ta is it dêrby bleaun. Wat nokkerje hjir, wat prottelje dêr en dat is it dan wol. Sels Pieter de Groot wist yn in kollum net rjocht wat er dermei oan moast. In sêfte dea dus foar it Mienisme? Dat wit ik noch sa net. It tilt ommers fan de streamingen dy’t oan ien foargonger genôch hiene en set de wrâld op ’e kop. Meindert Reitsma is wat dat oanbelanget út it goede hout snien. Stûf giet er troch op syn wei troch al publisearjend út te wurkjen wat er winliken foarstiet. Ik bin wol benijd wêr’t er by einsluten op útkomme sil. Sa’t it no liket giet it net om de punten dy’t oppikt binne troch de Mieningisten, mar om ferjonging binnen de Frysktalige skriuwerij, de frisse wyn dy’t ik al earder neamde.

En dy waait op dit stuit yn it Y-skrift, dat tagelyk mei de lansearring fan it Mienisme ôfsketten is. Dêrmei soe it misferstân ûntstean kinne dat dit blêd De Wachttoren fan datselde Mienisme is. En dat is neffens my net it gefal, it is ‘gewoan’ in nij digitaal platfoarm dêr’t al moai wat nijsgjirrige publikaasjes op te finen binne fan, en dat is posityf, nije minsken dy’t har woartels hawwe yn Skanomodu, de Grinzer stúdzjeferiening. Artikels oer kultuer en literatuer, skôgingen op it mêd fan taal en wittenskip, folle net genôch. Dat de earste winst is al binnen en der folget as it my net mist noch wol mear.

Tagelyk ropt it opkommen fan alwer in digitaal blêd de fraach op oft der net tefolle fersnippering komt mei dêrby de fraach wêr’t dy blêden foar steane. It opsetten op it wrâldwide reach mei dan net al te yngewikkeld wêze, skoare op ûnderskiedende ynhâld is in oar sjapiter. In blêd mei in eigen gesicht, op papier of digitaal, dêr giet it by einsluten om en dat is in kwestje fan de langere termyn. Helpt it dan as skriuwers har bydragen útsmarre oer de ferskillende blêden, sa’t no gauris it gefal is? Of is it genôch as de lay-out minder of mear bylket? Of miskien is de gemiddelde leeftiid beskiedend foar datselde gesicht?

Sels kin it noch de fraach wêze oft in blêd überhaupt erges foar stean moat. Fryske skriuwers dogge ommers ek mar wat, seit Mieningist avant la lettre Cornelis van der Wal. En dat moat foaral sa bliuwe, heakket er derachteroan. Giet dat dan ek op foar Ensafh? En de rest? Fan my mei it, hear, dêr net fan. Yn Ljouwert binne op dit stuit 7(!) platesaken te finen. Dat kin om’t elke saak him spesjalisearret yn in bepaald sjenre muzyk. Ik bin dan ek wol benijd foar hokker wyskes de Fryske literêre blêden kieze sille om harren besteansrjocht op te easkjen en in fêste wearde te wurden yn de Fryske skriuwerij.