Mar leafst in healjier hat Einum mei In kop as in Almenak en Littenser merke nominearre west foar de Gysbert 2015. Je krije tsjintwurdich foar minder slachtofferhelp, en dat is wol nedich om’t der oan dy nominaasjes in ferfelend kantsje sit. Mar dêroer letter. Moarn sit it der op, straks wer ‘gewoan’ fierder. Fansels sit der in bedoeling achter sa’n lange ynkubaasjetiid. Publisiteit, dêr giet it om. As sa’n nustje Fryske boeken teminsten it omtinken fan de media wit te lûken.
It begûn yn maart. Mei myn e-boeken sit ik in moai ein achter de sydline, dat it plakje op de longlist wie in oangename ferrassing. Sawol Omrop Fryslân, de kranten en de (digitale) kulturele blêden pikten dat nijs op. Fansels hopest ek op ynhâldlik omtinken, ik hielendal om’t ik myn boeken sels publisearje. Likegoed sille der net in soad west hawwe dy’t alle tolve boeken lêzen hawwe. It binne ek wol in soad om te behappen. Ensafh kaam noch it fierst, as it my goed heucht.
Ynhâldlik kaam der mear omtinken doe’t begjin juny de shortlist loskaam. Dat wie te oersjen, trije boeken. Ferskate digitale blêden bestegen mei opiny en resinsjes oandacht oan de nominearre boeken en/of de Gysbert. Sietse de Vries kaam mei in goed stik yn de LC, it FD folge dizze wike mei mar leafst twa pagina’s en ek nochris in foarblêd fan de kulturele bylage yn it teken fan de Gysbert. It bettere wurk dus. Fan Omrop Fryslân haw ik neat ynhâldliks fernommen, mar dat wie te ferwachtsjen: alle kulturele programma’s binne de nekke omdraaid. De hâlding fan De Moanne foel my ál op. It grutste kulturele blêd fan Fryslân kaam by it ferrinnen fan de longlist noch gau mei in pear skoallekrantefragen om in ‘dossier’ oan te lizzen. No sil der yn in letter stadium wol wat dien wurde mei de winner, mar de oare skriuwers op long- en shortlist hawwe dêr promosjoneel besjoen net folle mear oan. Ta beslút wie der in fijne jûn organisearre troch Tresoar. Echt in opset om op troch te gean. In pear lytse oanpassings en je hawwe in gouden formule foar de takomst.
Sels haw ik mei de nominaasje myn eigen feestje boud troch op dizze side ferslach te dwaan fan in pear útstapkes nei Einum. Ik hie dat moai foar juny ôfboud om’t ik net rekkene hie op de shortlist. Sieten wy farsk yn Eastenryk op ús fakânsje-adres, kaam Einum op de koarte list. Ik ha as reaksje de Einumers sels mar in iepen brief opstelle litten… Troch myn plakje op de shortlist binne der fia dizze side aardich wat eksimplaren ferkocht, it rûgele de hiele simmer moai troch. It e-boek stiet sa in stik dúdliker op de kaart en dat is winst. ‘Dit drukt ús mei de noas op de feiten,’ liet in meiwurker fan de Provinsjale Biblioteek my witte, want hoe liene je soks út? Tsja…
O ja, dy slachtofferhelp. Der sit yndied in ferfelend kantsje oan sa’n nominaasje. En dat binne al dy foto’s en filmkes. Leave minsken hear, hiel saakkundich en freonlik folk. Mar net bestege oan ien as ik dy’t leaver wat achter de boeken skûlet. Afijn, it sit der sawat op. Wat de útslach jûn ek wêze mei, ik nim ien op it ôfrûne healjier en sil fierder mei myn folgjende boek.
Tsjoch!