Boppe wetter

6 november 2020

Hoe’t in lytse literatuer him ûnderskiedt fan gruttere (of fan harsels as ‘grutter’ beskôgjende) literatueren? Troch yn alles lyts te wêzen, tinkt my. En nee, dat bedoel ik net negatyf. Want lyts hat syn sjarme, sa’t ik earder al oer myn kar foar in ‘lytse’ útjouwer skreau.

Fansels bin ik my der wier wol bewust fan dat ‘lyts’ ek algau ‘kneuterich’ wurde kin. Ek fierder binne der wol neidielen, mei oan kop it gegeven dat je elkoar oeral tsjinkomme. Omdat de romte no ienris beheind is. Wêrtroch’t de ien samar op in oar syn (justjes te lange) teannen traapje kin.

Allegear wier, mar dêr giet it my yn dit gefal net om. Ik soe ommers elkenien dy’t har of him oprjocht ynspant om de Fryske skriuwerij sa goed mooglik te tsjinjen slim tekoart dwaan. Wa’t better sjocht, fynt se samar, de bodders dy’t har út har belutsenens wei ynsette, en dat gauris sûnder der ek oait mar in sint foar te freegjen.

De rige dêr’t ik dan ek op útkom is lang, te begjinnen by de skriuwers sels, dy’t jierren yn in boek stekke, en it folk deromhinne, fan útjouwers oan útsutelders ta. Nim bygelyks it útjaan fan harkboeken, in missy dy’t Jan Schotanus mei syn Audiofrysk op him nommen hat. It audioboek mei dan binnen de dochs al lytse merk mar in beheind plakje ynnimme, dochs is it goed dat it dien wurdt. Want in audioboek past hielendal by dizze tiid, sa’t dat foar it e-boek, dêr’t ik mysels sterk foar meitsje, ék opgiet.

En dan it omsittend laach, fan (literêre) redaksjes oant besprekkers ta. Fan de ‘normale’ media mei ferwachte wurde dat dy ferslach dogge fan wat der yn de Fryske literatuer foarfalt. En dat wurdt (op in pear útsûnderingen nei) wiermakke, hielendal troch de Ljouwerter en it Friesch Dagblad. Mar ek dêrbûten hast fan dy minsken dy’t har ynsette. Nim no in Jelle van der Meulen mei syn ‘Friese-literatuursite’, in poadium dêr’t er al sûnt de jierren njoggentich fan de foarige iuw Fryske boeken en bondels wiidweidich en mei grutte tawijing op besprekt. Dat freget net allinnich om kennis fan saken, mar ek om trochsettingsfermogen, wêrmei’t er in ienmans ankerpunt yn de Fryske literatuer foarmet.

En sa binne der fansels folle mear, tefolle om op te neamen. Nee, op in lytse literatuer mei fan alles oan te merken wêze, mar net dat der gjin ynset fan ûnderop is om it skip boppe wetter te hâlden!