Opgean, blinke en fersinke, dat is sa’n bytsje it libben yn it koart. De hiele syklus is goed te folgjen by de kringloop. Ha de bern de fuotsjes ûnder it gat? Fuort mei dy tafelstoel. Dy’t dan wer kocht wurdt troch my. Yn myn funksje as pake. Mei de nedige reaksjes oer in twadde lech, altyd wille. Binne de klean út ’e tiid? De doar út mei de hiele bringst, mei as gefolch dat hiel wat flechtlingen der har foardiel mei dwaan kinne. Ek it boek moat deroan leauwe. Hoefolle húshâldingen hawwe noch in kastfol boeken yn ’e keamer? En op hoefolle planken steane de Fryske boeken? Fuort dermei, hatsedidee. Okkerdeis wie it werris raak, hjir yn Drachten. Dan dûkt der samar in lading boeken op dy’t yn in hiel bestean opboud is.
Ditkear gie it om in komplete biblioteek dy’t bestie út, jawis, Fryske boeken. Romans, fakentiids noch behoarlik resint, in rige boekewikegeskinken, sels Ringen fan it Ljocht fan Poortinga. De eigner hie net allinnich dy boeken, ek de achtergrûn wie tige yn oarder. Wat te tinken fan in oantal jiergongen fan De Strikel út de fyftiger en sechstiger jierren fan de foarige iuw, grôtfol skôgingen fan de literêre kanonnen út dy tiid. En noch kreas ynbûn ek. Nee, dit guod kaam net fan in koekebakker, dat is sa helder as wat.
Foar de wissichheid ha ’k de beskikbere bakken mar even trochsneupt. Net dat ik al dat papier mei nei hûs ta sleep, mar soms komme je dochs wat tsjin dat te moai is om wei. Ik ha it mar holden by in pear dichtbondels, lykas Troch Kadastrale Fjilden fan Durk fan der Ploeg en In Waarm Wek Altyd fan Abe de Vries. En ek noch in bondel fan Tsead Bruinja, allikemin ferkeard.
Fansels wit ik it ferhaal achter dizze hiele biblioteek by de kringloop net, mar folle goeds sil it net wêze. Alwer in Fries, spûke my even troch de kop, in lietsje fan Bauke en Greetje dat yn dizze kontekst in wat oare lading krige. Mar ik bliuw fleurich, hear. En de tafelstoel? Dy hat syn nut al in pear kear bewiisd, hy foldocht skoander!