Allergys

Allergys

Kofje
24 oktober 2021

Ik wie skoalmaster. En as dat al net slim genôch wie, ek noch ris in entûsjast eksimplaar. Dêr waard nammentlik yn de advertinsje om frege. Wat ik de bern ek fan de minister leare moast, altyd die ik dat dus mei in blierens dêr’t it glazuer je fan ’e tosken spatte. Rekkenjend, talend, optimistys oanmoedigjend, sa baande ik my in wei troch myn wurksum libben hinne. Ek de saakvakken joech ik mei fjoer en faasje. Oant yn detail beskreau ik it libben yn Uganda, it prinsipe fan de slûs of de moard op Willem fan Oranje.

Dochs kearde al dat entûsjasme him op in dei tsjin my. Omdat ik my yn myn biologylessen ek danich út wist te libjen, wie by de bern it misferstân ûntstien dat ik dus wol in hiel soad fan bisten hâlde moast. In tragys misferstân, want by ús thús gie alles wat der op mear as twa poaten yn kaam, der subyt wer út, as it koe mei in gleske fange en dan loslitte, en yn needgefallen mei de klapper.

Mar goed, op skoalle ferslieten de bern my foar bistefreon. Sûnt dy tiid wie ik op myn jierdei de lul. Wie ik oars by-sûn-der bliid mei after-shave, túnboek of stikje sjippe, fan dat stuit ôf dûkte der yn de wynhoas fan kadokes gauris wat op dat libbe.

It begûn mei in slim kiezzige parkyt. Dizze maat hie my wol troch; alle kearen as ik my yn syn buert fertoande, sette er it op in rachen en skellen dat it sta sei. Dêrby gie er geweld net út ’e wei. Driftich slaand mei de wjukken besocht er my mei in stofwolk om te bringen, om mar te swijen fan de mominten dat er mei syn fretten begûn te smiten.

In jier letter waard ik opskrille troch twa goudfisken, dy’t der al gau achterkamen dat je mei in fiskebekje hearlik smyksmakke kinne, sa’n lûdsje dêr’t ik kompleet gek fan waard.  Earst wist ik de heibel noch del te bêdzjen troch in stomp tsjin ’e tafel te jaan, mar dêr wiene Goud & Fisk – sa hieten se – aloan minder gefoelich foar.

De ridels rûnen my by elke jierdei dan ek oer de rêch as ik tocht oan alle oare bisten dy’t ék hiel gaadlik wêze koene as kado. In kat miskien? Dy les oer de tigers wie ommers hartstikke ynteressant! In geitsje dan? Of in báárch!?

Gelokkich fûn ik in útwei: je binne kreätyf of je binne it net. Want as ik no ris in les oer allergyen jaan soe? In topidee, sa’t bliken die. De les sloech yn as in bom, want ek doe al wie der gjin bern dat dêr ûnbekend mei wie. Neidat ik se rom baan jûn hie om har ferhalen hjiroer te dielen, stjoerde ik slûchslim ta op de fraach oft ikséls ek earne allergys foar wie.

Myn opset wurke foar wûnder; nei dy les kearde de jierdei mei as kadoke after-shave of in pûdsje Ingels drop werom en koe ik wer yn frede op hûs oan sûnder de kop te brekken oer de fraach wat ik oanmoast mei de safolste geit, hin of knyn. En de parkyt dan? Of de goudfisken? Tsja, de natuer jout en de natuer nimt, netwier?