Koade read
In wynpark yn ’e achtertún, samar ferskynde hjiroer in artikel yn ’e krante. De ynwenners fan Fierum, in middelgrut plak yn ’e buert fan Einum, steane op ’e achterste poaten. Trije boeren hawwe har lân al beskikber steld en sille meidiele yn de opbringst. Mar by de oare Fierumers, dy’t har oerfallen fiele, krije se de hannen net opelkoar. Algau komme de hierskuorkes sa’t dy troch elke mienskip rinne, oan it ljocht. Uteinlik komme de bewenners foarelkoar oer te stean, mei gefolgen dy’t noch lang neitrilje sille.
Yn achttjin haadstikken wurde likefolle belutsenen foarsteld, wêrûnder guon dy’t earder al in rol opeasken yn de roman Einum (2012), om geandewei in rol te spyljen yn ’e ferhalen fan de oaren, in portret foarmjend fan in mienskip yn ûnstjoer.
Koade read is in ferslach út ’e frontliny fan de enerzjytransysje, fan ’e striid om ôf te kommen fan fossile brânstoffen en troch te skeakeljen nei in griene takomst. In boek fol mei emoasjes, dy’t heech oprinne sa gau as de realisaasje werklik yn sicht komt. Sil it de tsjinstanners slagje om it ynplande wynpark op te kearen?
Beskikberens
- Op papier: Het Nieuwe Kanaal, boekhannel, Bol.com, of kontaktformulier op dizze side.
- E-boek: Kobo, Bol.com of kontaktformulier (e-book Nederlandstalig ook via contactformulier op deze site)