Yeeha!

yeeha!

Yeeha!
26 mei 2026

Myn ferhaal ‘De ereksje fan in oar’ liket wol in kat mei njoggen libbens. 

It begûn allegear mei in fersuchting fan in foarbygonger dy’t ik, ûnderweis nei Hart in Friesland, tusken de middei in opmerking meitsjen hearde tsjin in kollega-kuierder. Miskien hie er it oer de direksje fan in oar bedriuw of sokssawat, mar ik ferstie wat letter de titel fan myn ferhaal wurde soe. Ik jou ta, soks seit wat oer myn sike geast, mar kin in skriuwer sûnder?

Hoe dan ek, ik seach it ferrin fuortdaalks foar my, oer in fint dy’t ûnbedoeld wat opfong oer de ereksje fan in oar. Yn in western-restaurant noch wol, sa’n frettinte dêr’t fegetariërs mei in bocht omhinne rinne. Ienris klear stjoerde ik it op nei de Rely fan 2018 en wûn der in priis mei. Feestlike útrikking mei alles derop en deroan, dêrnei mei de blommen op hûs oan.

Fiif jier letter frege Martsje de Jong oft ik ek ris meidwaan woe oan BoekWinterBoek. Yn de fameuze Bogt fen Guné te Frjentsjer noch wol, myn hometown, al wenje ik der sûnt mei tolfde al net mear. Myn kar foel op it ferhaal dat ik hjirboppe beskreau. Wêr’t it idee weikaam heucht my net mear, mar soe it ek yn ‘ut Franekers’ kinne? No bin ik it praten fan it Franekers net ferleard, it is nei it Frysk myn twadde taal. Mar om it korrekt foar te lêzen is in oar sjapiter. Gelokkich koe ik weromfalle op Ut Genoatskap foar ut behoud fan ut Franekers, en dan yn it bysûnder op Theo Kuipers. Mei syn help kaam it goed en koe ik myn ferhaal ‘De ereksy fan un ander’ foarlêze yn in grôtfolle Bogt fen Guné.

Dêrmei is de story noch net dien. Alwer wie Martsje de Jong de dieder. Sy mailde okkerdeis dat der plannen wiene om by útjouwerij DeRyp in bondel út te jaan mei teksten dy’t earder op dy jûnen fan har en Hilda Talsma foarlêzen binne. En oft myn bydrage der ek yn mocht, by foarkar yn it Franekers, de taal dêr’t ik ein ferline jier ek al in gedicht yn skreau foar op in ynfopeal fan Marrekrite (stiet wilens neist de houten brêge by de Turfkade), ek doe wer mei help fan Ut Genoatskap, no yn de persoan fan Liesbeth Terpstra. Op myn fraach stimde dy ta ek de tekst fan myn ivichduorjende Ereksy nochris goed nei te plúzjen. 

En sa komt it dat op snein 28 juny (sjoch de nijsrubryk op dizze side) de presintaasje wêze sil fan dy bondel. De titel komt út myn ferhaal, fandêr dat ik myn bydrage ek mar sa neamd ha: 

Yeeha!