Wa springt?

26 juni 2020

Fan it Poalse regear kin in soad sein wurde, mar net dat se gjin ynteresse foar literatuer hat. Sa is der okkerdeis in oekaze útgien dy’t derop delkomt dat de nasjonale literatuer ta is oan in opfrisbeurt. Wat dêrûnder ferstien wurdt waard net dúdlik, mar myn Poalse kollega’s  ha der sawat in hertfersakking oan oerholden. Ommers, in oerheid dy’t begjint om te rieren yn hokker keunstfoarm dan ek is in oerheid dy’t je yn ’e gaten hâlde moatte. Wêrom’t jim der oant no ta neat oer heard hawwe? Omdat it nepnijs is.

Hoewol. Hoechst ‘Poalen’ mar te ferfangen troch ‘Fryslân’ en dan kloppet it wer as in bus. Dit giet dus oer de Fryske kultuernota ‘Nij Poadium’. Utbrocht en oannommen troch de Provinsje Fryslân. Wa’t dy nota trochnimt komt in yntrigearende opmerking tsjin: ‘Yn de Fryske letteren sjogge wy de ôfrûne jierren ûnfoldwaande fernijing’. Dy opmerking hat frijwat omtinken lutsen, teminsten yn it hinnehok fan de Fryske skriuweritis. Sa hat It Skriuwersboun al om útlis frege, want yn de nota sels is nergens te finen wat dêr no krekt mei bedoeld wurdt. In antwurd is der noch altyd net, mar ‘der wurdt wurke oan in ôfspraak’.

Sa lang as der gjin antwurd op dy fraach komt,) is der romte foar spekulaasje. Want dit kin alle kanten op. Sa soe de amtner fan tsjinst dy’t dizze opmerking delkwattele hat,  bedoele kinne dat der ynhâldlik wat feroarje moat. Dit kin betsjutte dat der in literatuerpolysje oprjochte wurdt dy’t allegeduerigen skriuwers lestichfalt mei alderhande rjochtlinen om harren ferhalen lykas waskmiddels te ‘fernijen’ en as dat net bart, ôf te fieren nei it sellekompleks oan de Bûterhoeke om dêr ta ynkear te kommen.

In twadde mooglikheid is dat it de Provinsje om de ferskiningsfoarm giet. Fryske boeken binne boeken op papier, e- en a-books (audio) binne foarbehâlden oan in pear figuren dy’t op in oare planeet tahâlde, oftewol Jan Schotanus en my-sei-de-gek. Miskien muoit it de Provinsje dat it Fryske literêre wrâldsje op dizze manier de oansluting mei de werklikheid ferlern hat en wol men dy no werstelle. Dat soe goed nijs wêze, al is soks útfiere noch wat oars, mar miskien binne de wonderboys en – girls fan de Provinsje yn steat om izer mei hannen te brekken.

Hoe’t it ek is, ien ding stiet fêst: op koarte termyn sil it subsydzjeblied foar Fryske boeken bysteld wurde. Yn hokker rjochting? Gjin idee. Ik bin en bliuw dan ek benijd, los fan de fraach oft in skriuwer him of har der wat fan oanlûke moat. Wat my oanbelanget net al tefolle. In bytsje auteur skriuwt de ferhalen dy’t boppedriuwen komme en publiseart dy yn de foarm dy’t him of har it bêste past. De konsekwinsje soe heechstens wêze kinne dat de lêste noch publisearende Fryske skriuwers ien of oare nije provinsjale subsydzjehoepel foarholden wurdt. En dat ropt dan wer in folgjende nijsgjirrige fraach op:

Wa springt?