Túnpaad

Túnpaad

kofje
21 november 2021

Ik wist it al hiel lang, mar as it dan werklik safier is, docht it dochs in bytsje sear: it túnpaad is ynienen te koart. En dat wylst it sa’n moai, troch fakminsken oanlein paad is, mei stientsjes yn it lang en in prachtige slinger op healwei.

In perfekt paad dus om ien fan myn bernsbern it fytsen te learen. Se is op ’t lêst fjouwer, en dan mei it wol in kear. Dat alle wiken op ús oppasdei til ik har fytske op de stegerhouten túntafel om it seal wat nei ûnderen te setten. Dat is omdat se oars de fuotten net stevich op ’e grûn krije kin. Tagelyk helje ik dan yn ien muoite de steuntsjiltsjes derôf, want dêr draait it op it lêst om.

Eins soe ik ek it stjoer demonteare moatte, want dat is in grut probleem. It famke yn kwestje fynt nammentlik dat mei in stjoer stjoerd wurde moat, hoe faak oft pake ek seit dat dat nét de bedoeling is. Gefolch: om de meter giselet se wer in oare kant út, mei my as klown fan tsjinst deromhinne dûnsjend om de boel oerein te hâlden.

Echt flot giet it dus net, dat fytsen. Dochs hâld ik stûf fol: ik zal handhaven. Alle wiken in pear kear it túnpaad op en del, dat moat dochs in kear wat resultaten opsmite. Yn teory, want oant no ta wiist de praktyk oars út. Oant no ta. Want ynienen fiel ik yn dat lytse bealchje fan har in soartemint fan balâns ûntstean dy’t der earst net wie. Of fersin ik my en bin ik op myn âlde dei oan it winsktinken slein?

Noch mar ris in loop, de les fan hjoed rint op syn ein. En nee, ik fersinde my niiskrekt net, want wér fiel ik hoe’t dy skat net langer yn myn hannen hinget en sels in stikje fytst. Ik kán het, pake! ropt se entûsjast. Foardat wy it witte steane wy foar de túndoar: it paad is te koart.

Bin ik no bliid? Ja en dochs ek nee. Want no’t it túnpaad te koart is, sil se straks de wrâld áchter dy túndoar yn fytse, selsstannich, los fan my. Wat sil har dêr te wachtsjen stean? It is in gedachte dy’t ik hastich fuorttriuw. Yn stee dêrfan doch ik de doar op, om mei har oan myn side oer it parkearplak te draven, út en troch loslittend en dan dochs wer beetpakkend, want hielendal sûnder my kin se noch net.

Gelokkich mar.