Op snein 28 juny om 15:00 oere is yn de Havenbrouwerij Het Brouwdok (Nieuwe Willemskade 8, Harns) de presintaasje fan de ferhalebondel Yeeha!, mei dêryn bydragen fan sawat hiel skriuwend Fryslân, ynklusyf Koos Tiemersma. Allegear wolkom!
Koos Tiemersma (Frjentsjer, 1952) waard bekend as skriuwer fan Frysktalige lieten en in oantal romans.
Koos Tiemersma (Franeker, 1952) werd bekend als schrijver Friestalige liedjes en een aantal romans.
mear/meer »
ynfo/info
minder
Op snein 28 juny om 15:00 oere is yn de Havenbrouwerij Het Brouwdok (Nieuwe Willemskade 8, Harns) de presintaasje fan de ferhalebondel Yeeha!, mei dêryn bydragen fan sawat hiel skriuwend Fryslân, ynklusyf Koos Tiemersma. Allegear wolkom!
Op 21 novimber om 20 oere doch ik mei oan de ferhalejûn. Yn it Keatsmuseum te Frjentsjer sil ik dan in ferhaal foarlêze en wat fertelle oer it keatsen yn myn jeugd!
Tenei net mear op Facebook, mar op Bluesky: koostiemersma.bsky.social
Sjoch hjir it praatsje dat ik op Omrop Fryslân hie mei Willem de Vries hie yn Noardewyn live!
Ankom' woansdei 27-11-2024mei Koade read op Omrop Fryslân om 19.30 oere yn Noardewyn Live!
De sjuery fan de literêre Rely Jorritsmapriis hat dit jier trije ferhalen en fiif gedichten bekroand.
'Blommen op it pún', myn tekst oer it Gaza-konfikt, sil te beharkjen wêze yn it jieroersjoch (30 desimber '23) fan Omrop Fryslân. (sjoch blog 21 oktober 2023 foar de link)
De priisútrikking fan de Rely Jorritsmapriis sil heve op sneon 7 oktober (fan 15.00 oere ôf). De útrikking fynt dit jier plak yn de Theaterkerk Mammemahuis te Jellum. Allegear wolkom!
Op 13 april waard de lp 'Tiidmasine' presinteard yn de Neushoorn te Ljouwert. Mei dêrop ien tekst fan myn hân: De hearen fan it fean, op muzyk set troch Jeroen Seinstra fan de Hûnekop.
Op woansdei 15 juni wurdt myn ferhaal 'Fan bosk en iepen fjild' de jûns om 19.30 oere foarlêzen troch Sjoerd Bottema te Frjentsjer. Lokaasje: Idylle Waadhoeke oan it begjin fan it Hitsumer Binnenpaad.