Momfer

Momfer

kofje
17 oktober 2021

Hy is begûn mei syn projekt ûnder de sniebei by de sleat. Neidat er dêr syn útfalsbasis ynrjochte hie, is er oan it ferkennen slein, earst in pear slaggen om de peal fan de waskline hinne, doe foar it pikehok del, om te einigjen by wat foar him it walhalla wêze moat: it gersfjild. Wy hawwe it hjir dus oer in ferrinnewearre tún, in frustrearde eigner en in mol.

Wat in mol is? Net folle soeps, as ik myn sin sis. Hy of sy bestiet út net mear as twa graafklauwen dy’t sûnt de skepping oan in swart duveltsje hingje dat se fan in noait opdrûgjende bak enerzjy foarsjocht. Mear is it net, sa op it earste each. Lykwols, op it twadde each wurdt it in oar ferhaal.

Fan alles ha ’k al besocht om ferlost te wurden fan myn net-winske en ferflokte gast, fan in troch miljeufreonlike batterijen oandreaune staaf dy’t irritant skynt te piipjen (al hear ik der mei dy dôve kop fan my neat fan), oan skean yn ’e gongen pleatste halzen ta, dy’t ik mei gefaar foar eigen libben fan leechdrronken bierfleskes ôfslein ha.

Mollen skine, sa wurdt sein, net oer ultrahege lûden te kinnen. ‘Skine’, want it eksimplaar dat wy yn ’e tún hawwe, jout der net om. Sterker noch, hy hat spesjaal in pear ekstra gongen nei it apparaat ta groeven om ris ekstra genietsje te kinnen fan dy troch my djoerbetelle attraksje.

Uteinlik bin ik, myn ried te’nein, mar oerstapt op klapklemmen, metalen gefallen dy’t elke mol binnen in pear tellen ta de wrâld út knipe. Mar helaas, dy mol fan ús is en bliuwt mar trochwrotten, dat wol sizze, oan de fal ta. Hy bestiet it sels om mei sjirurgise presizens troch te graven oant er flak foar it lipke is dat syn lot besegelje sil. Ienris safier giet er werom en ferpest er in grut part fan it noch net oantaaste stik fan it gazon. Ut wraak. Of hy is gewoan teloarsteld yn my...

Likegoed leit er no kroandea oan myn fuotten. In streamke bloed siperet ta syn bek út, syn nederlaach koe net grutter wêze. In oermoedige graafbui is him lang om let needlottich wurden. Sûnder genede ha ’k mei myn flymskerpe skeppe in ein oan syn djipswarte besteantsje makke.

Oft ik no gelokkich bin?

Ik bin bang fan net. Want ik twifelje der net oan dat, as ik ienris oankom by de himelpoarte, Petrus my weromstjoere sil nei de ierde om noch wat ekstra ûnderfining op te dwaan. As mol, wol te ferstean. Mochten jo dêrom nei myn ferstjerren sa’n graverke yn jo tún op besite krije, soene jo dan sa freonlik wêze wolle om net al te dryst tsjin it bistje op te treden?

Alfêst tige tank!