Klink dan en staverje
Fier yn it rûn (roun, roen)
Dyn âlde eare
O Fryske grûn (groun, groen)
It Fryske folksliet, yn dit gefal mei in knypeach. Oftewol, it is wer ris reboelje yn it Fryske lân fan de letterkes. De Fryske Steaten hawwe it oandoard en feroarje wat oan de stavering. Je kinne oan in man syn gemachten sitte, in frou oan har kont, mar fan ‘ús’ stavering bliuwe je ôf, sa klinkt it rûnom.
Underwilens slacht in hânfol Fryske skriuwers op ’e tromme. Wêr’t de krityk him by de ien rjochtet op it tastânkommen fan in Grien Boekje of de kwaliteit fan de demokrasy yn Fryslân (‘stimfee!’), dêr fynt in oar dat mei in wiziging alles wat oant no ta skreaun is der yn ien klap ferâldere útsjocht, wylst nûmer trije him ôffreget oft de Fryske Akademy neat betters te dwaan hat. Elkoar op de skouders om huffend en stoer roppend dat ‘wy’ de nije regels boykotte sille, tûmelje de kritisy op ynternet oer elkoar hinne: guon kinne mei in bytsje ta as it giet om in goed gefoel oer harren sels. Mar is al dy ûnfrede wol terjochte?
Wat opfalt is dat de krityk mar net echt ynhâldlik wurde wol. Want fansels hat de Fryske Akademy net folle betters te dwaan, de stavering sit yn it takepakket, fansels is de beslútfoarming hjir demokratys, sels Fryslân wurdt neffens de Grûnwet bestjoerd, fansels sjocht in ferâldere stavering der ferâldere út, mar hâldt dat dan yn dat je sa’n tekst net mear lêze kinne? Of dat de ynhâld der dan minder ta docht?
Nijsgjirrich fyn ik de reaksje fan dichter en Gysbert-winner Abe de Vries. Lykas oaren ferset er him ek tsjin elke wiziging, fral as dy bedoeld is om de stavering te ferienfâldigjen. Dêryn sjocht er de tiidgeast werom, in tiidgeast dy’t er fersmyt: maksimaal resultaat tsjin in minimale ynspanning. It hoecht allegear net fuortdaalks maklik te wezen. Dêrmei ferklearret er, bedoeld of ûnbedoeld, it staverjen ta eksklusyf terrein foar minsken mei in hegere oplieding, want dat is dan de konsekwinsje fan dy gedachte. Stel je foar dat lju mei VMBO de stavering ûnder de knibbel krije soene, dêr kin noait folle goeds fan komme, sokssawat.
Lykwols, oan de oare kant fan de troch De Vries yn sân hasten dolde slotgrêft is ûnderwilens in tsjinoerstelde beweging sichtber. Troch de opkomst fan ynternet en sosjale media is der noch noait sa’n soad skreaun as hjoeddei en dan ek noch krekt troch de groepen foar wa’t in korrekte stavering net fanselssprekkend is. Likegoed skriuwt elk der fleurich op los. Taalvauten? Gjinien makket him of har der drok om, oare kant grêft, de taal wurdt halje-trawalje demokratisearre, ek it Frysk: ‘Dot fien ik ek!’ It giet derom dat men elkoar begrypt en dat slagget, regels of net. De praktyk bewiist dus dat regels eins folsleine ûnsin binne.
Dêrom bin ik der foarstanner fan om al dy regels oan ’e dyk te setten, te begjinnen yn proeftún Fryslân. Soene dêr werklik grutte rampen fan komme? Ik leau der gjin byt fan. Wat hoe’tst it ek draaist, de ienfoarmigens dy’t no troch regels ôftwongen wurdt, sil by totale frijheid wier net ferlern gean. Skriuwe dochst ommers foar oaren mei as doel om begrepen te wurden, dus dêr soargest dan wol foar troch dyn persoanlike regeltsjes oan te passen. Bykommend foardiel is dat yn de skoallen moai wat tiid frijkomt, tiid dy’t bestege wurde kin oan de kreative fakken, want dat ûnderdiel hinget der tsjintwurdich frijwat fertutearze by troch de prestaasjedrang fan de oerheid.
Fansels is myn suggestje tweintich brêgen te fier, wy moatte it der dus mar mei dwaan. Underwilens snap ik bêst dat in foarstelde wiziging by guon foar wat ûnrêst soarget, al stelle dy wizigings it measte net foar en komme se del op in konsekwintere tapassing fan al besteande regels. Wat dat oanbelanget kin ik hjir as skoalmaster min op tsjin wêze, al wie it mar om’t in konsekwintere tapassing derfoar soarget dat minder maklik learende bern (en spitigernôch ek al dy masters en juffen dy’t der op dit mêd gjin hout fan bakke) wat mear gryp op de saak krije kinne. Wat dat oanbelanget soe ik der ek foar wêze wannear’t de fossile k fan logysk no ris oprêden wurde soe. In stik logiser, liket my, ik brûk him al jierren net mear, ek net yn myn boeken.
In oar ferhaal is it mei de no foarstelde Standertwurdlist, dy’t men ek meinimme wol yn it nij te ferskinen Griene boekje. Dat hoecht om my net. Wa hat betocht dat bygelyks ‘rûmte’ de foarkar hat en ‘romte’ net? Wylst beide wurden geef Frysk binne?
Ta beslút in wurd fan treast foar de tsjinstanners fan de no oannommen wizigings. Taal feroaret altyd wer, sa frjemd is dat net. Dat fêste brûkers even tiid nedich binne om te wennen oan nije wurdbylden moat dan mar foar leaf nommen wurde. Ik soe my pas echt soargen meitsje wannear’t it Frysk noait mear feroarje soe. Sa’n taal is nammentlik kroandea. Wês dus mar bliid dat de Frysk stavering noch oanpast wurdt, fernijing is in teken fan libben.