Go fuck yourself

Go fuck yourself

Ien tel de ierde stil
9 oktober 2023

‘It feit dat Koos Tiemersma him der net ta sette kin om myn stikje te 'liken' seit al genôch. Krityk wurdt faak persoanlik lutsen, as je blike litte dat je it der mei iens binne, falle je de bekritisearre skriuwer wer ôf, dat wolle je net yn sa'n lyts wrâldsje as dat fan ús, dus.... oeral stilte.’

Also sprach Abe de Vries op Facebook neidat ik wól in reaksje op wat oars jûn hie, mar net op syn publikaasje oer in gedicht fan Arjan Hut sa’t dy te lêzen is op Seedyksterfeartfisk. Earst mar even it wêrom fan myn net-liken. Dat hie neat te krijen mei it al of net ôffallen fan yn dit gefal Arjan Hut, mar mei it feit dat ik it hiele gedicht net lêzen hie. Om dan yn te stimmen mei in kritys stikje op basis fan in pear fragminten, is foar oaren miskien normaal, mar foar my in ‘like’ te fier.

Yn syn blog hat Abe de Vries krityk op de nij-ferskynde bondel Ien tel de ierde stil en dan benammen op it iepeningsgedicht: Go fuck yourself Russian warship. It soe derop delkomme dat Arjan Hut dêryn útglidet ‘oer de bananeskyl fan de oarlochspropaganda.’ Dat soe bliken dwaan út dit fragmint:



Hâld dizze takomst beet: ivich sinneljocht
op in middei oan in selsbetochte see. De bern
ferdigenje har eilân yn de tiid mei plestik swurden.
Datst se laitsjen hearst: ‘Go fuck yourself, Russian warship!’

Dit fragmint beskriuwt nammentlik in fermiende heldedied fan in ploechje Oekraïners op Snake Island, dy’t de striid opnommen hawwe soene tsjin in Russys oarlochsskip. Fermiend, want it is allang dúdlik dat it om in stikje propaganda gie. Spitigernôch is der op dizze ierde neffens De Vries ien Fryske dichter dy’t de wierheid om hokker tsjustere reden dan ek ûntgien is en sterker noch, it ‘noch hieltyd leaut’. Gelokkich is De Vries myld foar syn kollega. ‘Hut hat it grif sels net yn ’e gaten hân’, stelt er, in nei alle gedachten net as sadanich bedoelde, ûnbewuste  diskwalifikaasje, want sa kin it ék opfette wurde: je lykje sels in stik tûker as je in oar foar ûnnoazel ferslite.

Ta de saak, it gedicht sels. It is skreaun as ‘in ateïstysk gebed’, útsprutsen troch Arjan Hut, dy’t sûnt it konflikt yn East-Europa útbruts oeral om him hinne it giel en blau fan de Oekraynse flagge tsjinkomt, lykas by Cambuur, de gemeente Ljouwert en de flagge fan Europa. Dy kleuren konfronteare de dichter mei de rauwe werklikheid:

Oarloch is in paradys foar psychopaten. 
Se krûpe út har tsjuster as it gedonder klinkt. 
Se krûpe en swaaie mei 
hoekige symboalen 
rjochte linen, skerpe kanten, gjin romte om ôf te bûgjen 
nergens plak om ôf te wiken 
mear ferklaaien is net noadich 
en se neame harsels ‘frijheid’ of ‘demokrasy’.

Hoe kin de dichter him hjir tsjin ferwarre? Hy realiseart him dat er noch mar ien wapen oerhat en dat is it wurd. Tagelyk beseft er middels in sitaat dat sels wurden net mear betrouber binne:

Tiny Mulder seit: 
“Hâld in skalk each op it wurd 
sadree’t frijheid 
op de sigen stiet.”

Hoe moat in minske him dan steande hâlde, wêr fynt er dan noch in hâld? Bliuwt miskien allinnich de myte oer, getten yn propagandataal? En dan folget it bekritisearde fragmint mei in eilân, bern, oarloch mei plestik swurden en in oarlochsskip, fjouwer eleminten dy’t ek de hoekstiennen útmeitsje fan Lord of the Flies, it ferneamde boek fan William Golding, mar dy’t hjir trochlutsen wurde nei it barren op it Slange-eilân yn de Swarte See. Riist sa besjoen hjir it byld op fan in dichter dy’t gjin idee hat wat er docht? No, dan wit ik noch wol wat foarbylden te neamen, lykas fan dichters dy’t putte út ’e boarnen fan religy, klassiken en oare optinksels.

Wylst it grutste part fan it gedicht oankomt, binne der ek in pear dielen dy’t om my as lêzer mist wurde kinne: 

Ik hear by it slach minsken 
dat fatsoenlik oan in sliepende kat freget: 
“mei ik asjeblyft even op myn eigen stoel sitte” 
om dan oan de skouders lûkend en nei in aai oer it kopke 
in oar plak te sykjen.
Wat kinne wy ús yntinke by it binnenfallen fan in lân?

Om it plak dat sa’n eigenwize kat ynnimt te fergelykjen mei it binnenfallen fan in lân, is my te maklik, sa’t ek de ein fan it gedicht mei in útlis oer de betsjutting fan guon wurden wat te eksplisyt op my oerkomt: lit de ynfolling leaver oer oan my as lêzer.

Al mei al lies ik in gedicht dêr’t in machteleazens en twifel sintraal yn steane, sa’t in soad dy fiele, ûngemak beskreaun troch in dichter dy’t in útwei siket en dy net fynt, analooch oan de stridende partijen dy’t har letterlik en figuerlik yngroeven hawwe. Mocht dy útkomst der ál komme, sille der allinnich mar ferliezers wêze, nei alle gedachten mei in Oekraïne as fazalsteat fan Ruslân en hûndertûzenen dy’t har melde yn de rest fan Europa, sa gau as it Westen de hannen fan it konflikt ôf lutsen hat. Sa’n ôfrin soe dit gedicht namste pynliker meitsje, in útkomst dêr’t gjin ateïstys gebed tsjin opwoeksen is.

En dy ‘like’ foar Abe de Vries? Dy ha ’k yn twadde ynstânsje dochs mar jûn: neisteleafde sil ús rêde.