Ate Grypstra nimt yn de Fryske skriuwerij in eigen plakje yn. Yn syn wurk wurdt in oare toan oanslein: horror, games en it boppe-natuerlijke spylje fakentiids in rol, wat fermaaklike boeken as ‘It beest fan de Westereen’ opsmiten hat. Mei troch syn ûnderfining yn it fuortset ûnderwiis skriuwt er gauris oer en foar jongerein, lykas yn syn prachtige debút ‘Hftch’. Ditkear hat er in jeugdboek skreaun foar de kategoary 12-16 jier: ‘Femke faalt’.
Femke is hast sechtjin, drumt yn in bandsje, wurdt ferlyfd op de gitarist en krijt spul mei in oar lid fan de band. Fierder hat se in strieminne relaasje mei heit Gaatze (altyd fuort), mem Baukje (‘de iiskeningin’) en broer Sjors (gamer en sombyfan). Se wurket yn in snackbar wêr’t se al yn it earste haadstik oanfallen wurdt, in prelude op de slotsêne om útlizze te kinnen hoe’t dat safier kaam, in moaie fynst. Foegje dêrby in oanslach op healwei wêrby’t Femke de kûgels om ’e earen fleane en it wurdt dúdlik dat him hjir rare dingen ôfspylje: genôch ingrediïnten foar in spannend jeugdferhaal.
De ûnderlaach fan dit boek is basearre op de aktualiteit, nammentlik de praktiken fan oplichter Gaatze B. út de Westereen. Eins giet it dus om de útwurking fan in kriminele heit op syn dochter. Dat ropt fansels spanningen op. Geandewei krijt de lezer sicht op de tinkwrâld fan Femke, in ûnwis bern dat net rjocht begrypt wat der presys te rêden is en fral op hoe’t se omgiet mei de spanningen binnen har bestean.
De dialogen yn it boek litte sjen dat Ate Grypstra presys wit hoe’t famkes fan dy leeftyd mei elkoar kommunisearje, mei in tsunami oan hollânismen en Ingelse termen, al leit de skriuwer Femke út en troch in korrizjearjende opmerking yn de mûle.
By einsluten wurdt dúdlik dat heit syn kriminele aktiviteiten de ferklearring binne foar de oanslach, mar ek foar de haatlike hâlding fan ien fan de bandleden. Nei oanlieding hjirfan wurdt Femke yn de sterk skreaune slotsêne oanfallen, wêrmei’t de sirkel rûn is.
In pear opmerkings fan myn kant: beide âlders wurde yn myn eagen wol hiel skematys en ek wat stereotyp werjûn wêrtroch’t in echte ynteraksje him mar min ta stân bringe lit. En dat is spitich om’t krekt dêr de spanning him opbout. Ek mei de broer yn it ferhaal wol it mar net wat wurde, op in yn dit ferbân wat oerstallich gesprek oer somby’s nei. Wat my op de twadde opmerking bringt: de ferskillende eleminten fan it ferhaal hingje gauris los yn it ferhaal. Nim bygelyks sa’n oanslach. Soks soe dochs in folle gruttere útwurking op in oan harsels twifeljend famke fan hast sechtjin en har famylje hawwe moatte as no it gefal is.
Al mei al in foar de doelgroep aardich boek dêr’t foar myn gefoel toch wat kânsen ûnbenut bleaun binne.
In nijsgjirrich elemint foarmet de manier fan publisearjen: it boek is allinnich as e-boek te krijen. Boppedat is it ek noch goed dien: tsjin in lyts pryske (€ 2,50) en sûnder befeiliging. In pear opmerkings ha ’k wol: yn in e-boek kinne je de lettergrutte ynstelle. Mar by guon plaatsjes wol dat net wêrtroch’t op in e-reader de mem har briefke net te lêzen is. Fan Ate Grypstra ha ’k begrepen dat dit euvel ûnderwilens ferholpen is. Fierder is it op de side fan de Afûk even sykje nei de download, dy’t ferstoppe sit yn de besteltekst. Mar fierder prima de lúks.
De fraach is fansels oft sa’n boek de doelgroep (12-16 jier) wit te berikken. Gean der mar oanstean: de doelgroep lêst sawol yn as út prinsipe net al tefolle; der moat dan ek nochris yn it Frysk lêzen wurde en ta oermaat fan fernijing is der net iens in papieren boek beskikber. Hjir soe in belutsen learaar Frysk mei in breed opset lêsprojekt wat betsjutte kinne, tinkt my.
Dat ik wachtsje yn spanning ôf hoe en wat. En dêr sil ik net de iennichste yn wêze, tink ik!