Myn aksje om it e-boek te promoten rint dit wykein ôf, dat wa't noch in fergees 'Ik bedoel mar!' tastjoerd krije wol...
Wêr't ik rekkene hie op sa'n 20 reaksjes, waarden it der 41 (update: yn it wykein noch njoggen oanfragen, dat de einstân is 50): 7 fregen om it NL-talige boek, de rest gie foar de Frysktalige ferzje. Gauris krige ik der aardige reaksjes by, sa fan: 'Wat aardich fan jo, ik wist net dat jo e-boeken skreaune'. Ik ha dan ek in skoftlang neat oan publisiteit dien en dan krije je dat. In trijetal boeken is de wrâld oerflein: Kanada, Amearika en Súd-Afrika, alle trije yn it Frysk, al waard de fraach yn it Ingels steld. Fragen oer it iepenjen fan 'sa'n boek' wiene der fansels ek, en dan sjit ik muoiteleas yn myn rol as helpdesk.
Fierder wiene der artikels yn it FD en oare kranten, sels de Omrop belle om in praatsje. Ik ha my dermei fermakke, ik hoopje dat de lêzers dat ek dogge!