Aksje 'Ik bedoel ma(a)r!'

Parseberjocht

19 mei 2020

(Liever Nederlands? Scroll naar beneden!)

It folgjende parseberjocht is út gien:

Fergees e-boek Koos Tiemersma

Tsien jier ferlyn skeakele Koos Tiemersma, bekend fan romans as De Ljedder en Einum (Gysbert Japicxpriis 2015) oer op it publisearen fan syn wurk as e-boek. Om it berikken fan dizze mylpeal te fieren, stelt er no syn ferhalebondel Ik bedoel mar! / Ik bedoel maar!, troch de Ljouwerter Krante útroppen ta it bêste Fryske boek fan dat jier, fergees yn sawol in Fryske as Nederlânske edysje beskikber as e-boek.

It binne ferhalen dêr’t minsken yn konfronteard wurde mei de ferrassingen dy’t it bestean yn ’t fet hat. Faak lykje it mar lytse foarfallen, lykas in busreiske troch de Pyreneeën oer wegen dy’t like smel binne as dat de bus breed is. Of nim de jongkeardel dy’t, ûnderweis nei syn wurk yn in muzykkafee, in filmke makket fan twa sjoppende froulju en der úteinlik achter komt dat neat is wat it liket. Dat lêste giet absolút ek op foar in bekende skriuwer dy’t ûnderweis nei in lêzing yn Bûtenpost kidnapt wurdt.

Om dit boek te besetten is it genôch om kontakt mei de skriuwer op te nimmen fia syn webside koostiemersma.nl. It e-boek, te lêzen op kompjûter, laptop, tablet, ipad of telefoan, wurdt jo dan mei kearende post koroanafrij oer de mail tastjoerd.

Gratis e-boek Koos Tiemersma

Tien jaar geleden schakelde Koos Tiemersma, bekend van romans als De Ljedder en Einum (Gysbert Japicxpriis 2015) over op het publiceren van zijn werk als e-boek. Om het bereiken van deze mijlpaal te vieren, stelt hij nu zijn verhalenbundel Ik bedoel mar! / Ik bedoel maar!, door de Leeuwarder Courant uitgeroepen tot het beste Friese boek van dat jaar, gratis in zowel een Friese als een Nederlandse editie beschikbaar als e-boek.

Het zijn verhalen waarin mensen worden geconfronteerd met de verrassingen die het leven in petto heeft. Vaak lijken het maar kleine gebeurtenissen, zoals een busreis door de Pyreneeën over weggetjes die net zo smal zijn als de bus breed is. Of neem de jongeman die op weg naar zijn werk in een muziekcafé een filmpje maakt van twee shoppende dames en er vervolgens achter komt dat niets is wat het lijkt. Dat laatste gaat zeker op voor een bekende schrijver die onderweg naar een lezing in Buitenpost wordt gekidnapt.

Om dit boek in bezit te krijgen, is het voldoende contact met de schrijver op te nemen via zijn website koostiemersma.nl. Het e-boek, te lezen op computer, laptop, tablet, ipad of telefoon, wordt u dan per ommegaande coronavrij via de mail toegestuurd.