De tredde roman fan Nyk de Vries (‘Renger’) hat okkerdeis de Pieter Jelles Priis fan de gemeente Ljouwert wûn. Om’t it boek by de biblioteek as e-boek beskikber is, ha ’k it dêr mar even wei ynladen.
Yn ‘Renger’ lêze wy oer in haadpersoan dy’t út Noardburgum komt, studearre en wenne yn Grins om ta beslút nei Amsterdam te ferhúzjen. Boppedat spilet er yn in band en is er warber op literêr mêd. Dêrmei liket dy ik-figuer yn alles op Nyk de Vries sels. In autobiografise roman dus, yn dit gefal oer in haadpersoan dy’t wakker besiket út te finen wat syn posysje is yn de relaasje mei syn heit en de rest fan syn famylje.
De kearn fan it ferhaal spilet him ôf yn de kriten om Noardburgum hinne, ek foar my in fertroud dekôr. Lykwols, de gong fan saken yn it húshâlden dêr’t de ferteller yn opgroeit komt my ek net ûnbekend foar: by de klippen op smokende omkes, praat oer de oarloch, famyljegeheimen, in heit dy’t sunich as de neten is en fansels spul mei de pleatslike dûmny. Ik moast der even oan wenne, om’t ik wat oars ferwachte hie. Ik bin sels in stik âlder as Nyk en ferwachte dat krekt dat aspekt wat mear passe soe by de jierren tachtich. Mar blykber is der yn dy tiid net folle feroare, teminsten net yn de Wâlden.
Yn it boek binne twa lagen te ûnderskieden. Yn de boppelaach komt de ferteller ien tsjin op Skiphol, in sekere Renger. Dizze figuer komt ek út de Wâlden en ken de ferteller, al wit dy sa gau net wa’t er foar him hat. Renger sil letter in rol spylje yn de wat wiffe relaasje fan de haadpersoan. It grutste part spilet him lykwols ôf as de ferteller noch jonger is en ûnderweis nei de folwoeksenens him los besiket te meitsjen fan it âldershûs.
As syn heit komt te ferstjerren, brekt foar de ferteller in hektise tiid oan. Hy wurdt twongen om it dwaan en litten fan syn heit te ûndersykjen en dêrmei ek hoe’t er sels wurden is ta wat er is. Dit boek soe dan ek sjoen wurde kinne as in bildungsroman. Dat wurdt yn myn eagen it moaist ferbylde yn it oprêden fan it hok. De ferteller wurket him sekuer troch de rotsoai hinne, wêrby’t er ynearsten alles wat er fynt opskriuwt om fet op de situaasje te krijen. Dêrmei wurdt it oprêden fan dat hok in moaie metafoar foar syn ‘bildung’, al ha ’k de yndruk dat de ferteller mear liket op syn heit as dat him leaf is, ek al ropt er noch sa fan ‘Ik maak stappen’ as him frege wurdt hoe’t it mei him giet.
Ik freegje my wol in pear dingen ôf by dit boek. Yn de twadde laach komt in molkfabryk foar dêr’t him neffens de ferteller allerhanne tsjustere saken ôfspylje. Uteinlik blykt dat der net safolle te rêden is, it wurdt yn alle gefallen net oannimlik makke. Blykber hat Nyk de Vries himsels ek ôffrege oft dat der wol yn moast. Hy lit Renger alteast de suggestje jaan dat mar fuort te litten (!), in yn myn eagen terjochte opmerking. Myn grutste fraachteken set ik lykwols achter de figuer fan Renger sels. Hy wurdt lansearre as de personifikaasje fan it kwea, wêrmei’t hiel wat ferwachtingen wekt wurde. Mar dy wurde spitigernôch net echt wiermakke. Sterker noch, geandewei ferdwynt Renger út it boek. Dêrmei dekt foar myn gefoel de titel de lading net mear.
Hoe dan ek, de Frysktalige ferzje ferskynt ein oktober.